Supporters net wolkom by NEC - Hearrenfean nei ynstoarten tribune

Hearrenfeansupporters kinne de wedstriid NEC - SC Hearrenfean op sneon 6 novimber net bywenje. De Goffert, it stadion fan NEC, bliuwt de kommende tiid ticht foar publyk, om't in part fan de tribune koartlyn ynstoart is.
© Orange Pictures
Nei ôfrin fan de wedstriid NEC - Vitesse fan 17 oktober foel in part fan de tribune yn it útfak mei jubeljende Vitessesupporters nei ûnderen. Der wurdt no ûndersyk dien nei de oarsaak fan de ynstoarting.
Oant dy tiid bliuwt it stadion yn Nijmegen ticht foar publyk en dus ek foar supporters fan sc Hearrenfean.