Kankerferwekkende stoffen by ûntgassen fan skippen: "Het is een schandaal"

Hûnderten kearen yn it jier wurde der kankerferwekkende stoffen frijlitten troch binnenfeartskippen. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Inspectie Leefomgeving en Transport. Dat bart ek op bygelyks it Prinses Margrietkanaal.
It gas lossen fan skippen:
Nei it lossen fan stoffen, lykas benzeen, bliuwt yn de tank fan de skippen gas efter. Dat gas moat derút as it skip dêrnei oare gassen ferfiert. It ûntgassen is yn Nederlân net ferbean, mar yn bygelyks Dútslân wol. Nederlân wachtet op in ynternasjonaal ferdrach en dat soe der op syn betiidst yn 2026 wêze kinne. Yn bepaalde gebieten yn Fryslân mei it dus wol.

Swarte list

Neffens Harry Geerlings fan de Erasmus University yn Rotterdam is dat in minne saak. "Het gaat om zeer kwalijke stoffen. We spreken in het bijzonder over benzeen. Dat staat op de zwarte lijst en is kankerverwekkend, dus dat wil je niet."
As it echt sa skealik wêze soe, dan soenen der net folle skippers mear farre.
Neffens skipper Auke de Groot falt it allegear wol wat ta
Skipper Auke de Groot sjocht gjin probleem. "Wy farre sels mei dy produkten. Wy rûke it eltse dei. As it echt sa skealik wêze soe, dan soenen der net folle skippers mear farre."

"Het is een schandaal"

Neffens Geerlings wurde skippers ek yn in lestich parket treaun: "Als een schip ontgast moet worden, dan kan het betekenen dat een schip soms 24 uur aan de kade moet liggen om het beetje residu eruit te halen. Dat maakt het een lastig dossier en eigenlijk vind ik het een schandaal dat het nog steeds gebeurt."
De Groot sjocht wol in oplossing: "Der moatte mear ynstallaasjes kreëarre wurde om ûntgasse te kinnen. Dêr sit de oplossing, tink ik."