Podiumschool begjint teäterselskip foar minsken mei licht ferstanlike beheining

De Podiumschool yn Ljouwert begjint mei in teäterselskip foar minsken mei in licht ferstanlike beheining. Se wolle se opliede yn it aktearfak yn de breedste sin fan it wurd en alle jierren in eigen foarstelling jaan. Ek wolle se ferskate teatrale acts op byienkomsten bringe kinne by organisaasjes dy't se ynhiere wolle.
Der wurdt in spesjaal teäterselskip opset:
De Podiumschool is al jierren dwaande en set yn op it sosjaal en maatskiplike effekt fan teäter. In jier lyn is begûn mei deibesteging teäter foar minsken mei in ferstanlike beheining. Dat wurdt no útwreide mei teäter op semy-profesjoneel nivo.
"Iedereen heeft de keuze om zelf een vak te kiezen waarin zijn of haar passie ligt, maar voor mensen met een licht verstandelijke beperking is die keuze er niet altijd. Ze kunnen niet op een professionele manier met theater bezig zijn en daar brengen we nu verandering in," seit Onno Spreij fan De Podiumschool.
© Shutterstock.com (Kozlik)
Neist it meitsjen fan eigen foarstellingen binne se ek yn te hieren. "Door gemeenten of instanties die een congres of symposium organiseren over het thema inclusiviteit die dat op theatrale wijze willen ondersteunen. We kunnen dan een act gaan maken."

Passy foar teäter

Minsken dy't meidwaan wolle moatte yn steat wêze om in tekst te ûnthâlden, gear te wurkjen en net benaud wêze om foar publyk te stean. "De belangrijkste eigenschap is dat ze vooral passie voor theater moeten hebben."
Yn searjes komme geregeld minsken mei in beheining foar. "Ik zeg altijd: als het opvalt, is het nog niet gewoon", seit Spreij. "Ze doen mee aan een aflevering, maar wij bieden het structureel aan, we gaan elke week oefenen."
Se begjinne mei fjouwer dielnimmers, der kinne noch mear by. "Op termijn willen we dat ze er hun week mee kunnen vullen, net als de acteurs bij Tryater.'
Onno Spreij