Plysje fynt 30 pûden mei drugsôffal yn Jutryp

De plysje hat moandeitemoarn tritich pûden mei drugsôffal fûn oan de Grevinnewei yn Jutryp. De plysje tinkt dat de pûden ôfkomstich binne fan in himpkwekerij. Der wurdt noch socht nei de persoanen dy't de pûden efterlitten hawwe.
© Plysje Snits e.o.
De gemeente Súdwest-Fryslân hat de pûden opromme. De plysje freget minsken tips troch te jaan as se wat fertochts sjoen hawwe.