Mear seespegelstiging ferwachte: 'Tink by nijbou oan wetter en boaiem'

25 okt 2021 - 16:41

De Nederlânske seespegel komt mear omheech as earder trocht. It KNMI ferwachtet in stiging fan 1,2 oant 2 meter, sa docht bliken út in nij rapport. Wetterskip Fryslân pleitet der dêrom foar om wetter en boaiem liedend wêze te litten yn de karren omtrint nije wenningbou yn de provinsje.

Der wurdt mear seespegelstiging ferwachte:

"De stijging is hoger dan wij voorzien hadden", jout dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân ta. "En ook waarop onze deltahoogtes zijn berekend, de norm waarop we onze dijken aanleggen. Als de zeespiegel sneller stijgt dan dat we voorzien hebben, zullen we op termijn nieuwe aanpassingen moeten doen."

Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Soks soe him neffens Kroon bygelyks foardwaan kinne by de dykfersterking tusken Koehoal en de Lauwersmar. "We kunnen met technische maatregelen heel veel, maar steeds ophogen is vaak niet het antwoord. Daarom kijken we bij de dijkversterking Koehool-Lauwersmeer nadrukkelijk hoe we meer mét de natuur kunnen bouwen. We denken aan een groene dijk, we denken aan vooroevers."

We zullen wellicht weer eerder aan de gang moeten gaan als de zeespiegel sneller stijgt dan verwacht. Het watersysteem bereikt z'n grenzen.

Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân

Faak wurdt by dykfersterking 50 jier oanholden. "Maar we zullen wellicht weer eerder aan de gang moeten gaan als de zeespiegel sneller stijgt dan verwacht. Het watersysteem bereikt z'n grenzen."

Wetterskip Fryslân ropt in nij kabinet op om it wetterbehear ta topprioriteit te meitsjen. "Het betekent dat we drastische maatregelen moeten nemen en dat we sneller en eerder moeten investeren. Het water moet de ruimte krijgen."

Deltafûns njonken bou deltaplan

Konkreet soe dat al barre moatte by grutte projekten, lyk as de troch de noardlike provinsjes foarstelde wenningbouplannen yn Bouwstenen voor het Deltaplan. Yn Fryslân soene der 45.000 hûzen by komme moatte, fynt provinsje Fryslân.

Mar der binne gebieten dêr't wenningbou geskikter is as oare, benammen djippere gebieten. "Daarin zal het Rijk als eerste stappen moeten zetten. Wij pleiten voor een programma rondom bodemdaling en voor een deltafonds dat mee gaat groeien met de opgaven. Bij grote plannen zoals woningbouw wordt wel eens vergeten om water en bodem leidend te laten zijn in de keuzes die je maakt in de ruimte."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Dêrnjonken moatte Friezen ek nei harsels sjen, fynt de dykgraaf. "Wij moeten ons ook zelf aanpassen aan de weersextremen, door bijvoorbeeld een groenere tuin aan te leggen. Maar we moeten ook accepteren dat er soms wateroverlast ontstaat waar we niet meteen wat aan kunnen doen."

Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân

Oarsom moat foar de drûger wurdende simmers it wetter better fêstholden wurde. "Dan moet er voldoende aanvoer zijn van rivierwater naar het IJsselmeer. Dat is voor een groot deel onze zoetwaterbron. We moeten nadenken over het vasthouden van het water. In de natte periodes zien we dat we water niet zo snel af kunnen voeren dan we kunnen met onze techniek."

(Advertinsje)
(Advertinsje)