De assistinten fan Johnny Jansen: "Het halen van de play-offs is niet reëel"

25 okt 2021 - 16:28

"Diep in ons hart willen we strijden voor de play-offs, maar dat is niet reëel", seit assistint-trainer Peter Reekers fan sc Hearrenfean. Ole Tobiasen is it mei him iens. "We moeten dat verwachtingspatroon bijstellen, maar de buitenwacht ziet ons nog altijd als een subtopper."

Sûnt dit seizoen binne Peter Reekers en Ole Tobiasen de assistinten fan Johnny Jansen. Reekers hat earder 15 jier by Heracles Almelo wurke. Earst njoggen jier as spiler en dêrnei nochris 6 jier as assistint-trainer.

Tobiasen hat ein jierren '90 by Hearrenfean fuotballe en hat al ûnderfining as haadcoach. Tobiasen wie twa seizoenen de einferantwurdlike by Almere City, mar dêr krige hy oan it ein fan it ôfrûne seizoen dien.

Ik kende Ole alleen van de Panini-plaatjes.

Peter Reekers

"We kenden elkaar niet", seit Ole Tobiasen oer syn kollega Peter Reekers, "Maar vanaf dag één is er een klik." "Ik kende Ole alleen van de Panini-plaatjes", laket Reekers.

Untslach by Almere City

Tobiasen waard ôfrûne seizoen ûntslein by Almere City, wylst hy op dat stuit op it fjirde plak stie en noch yn 'e race wie om te promovearjen. "Het was absurd. Wat vooral pijn deed, was dat ik niet de preciese reden weet waarom ik ben ontslagen. Nog steeds niet trouwens. We stonden er goed voor en ik ben ervan overtuigd dat we zouden promoveren. Dat was zo raar."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Lykas sc Hearrenfean spile ek SC Cambuur hielendal net sa'n minne wedstriid, mar stie it nei ôfrin wol mei nul punten. De Ljouwerters joegen de goals te maklik fuort tsjin Feyenoord en nei ôfrin wie trainer Henk de Jong kritysk op syn ploech.

"Marco Tol fertsjinnet in kâns yn de basis"

Sportferslachjouwer Andor Faber kin him dêr wol yn fine. "It liket oft Cambuur ferdigenjend muoite hat mei dat stapke fan KKD-nivo nei earedivyzjenivo. It is net hurd genôch."

It probleem leit neffens Faber net by it oanfallende. "Want Cambuur skoart hast eltse wedstriid. Mar de goals falle te maklik en dus sil der ferdigenjend wat barre moatte. Je kinne je ek foarstelle dat Marco Tol ris in kâns krijt yn de basis."

(Advertinsje)
(Advertinsje)