PvdA ûngerêst oer fêstiging geitehâlderij yn Rotstergaast

25 okt 2021 - 15:50

De Partij van de Arbeid yn De Fryske Marren hat noed oer de mooglike fêstiging fan in geitehâlderij yn Rotstergaast. De fraksje fynt in komst net winsklik foar de folkssûnens.

Foto: ANP

Neffens de PvdA soe it gean om sa'n 4.800 geiten yn totaal. De fraksje hopet dat it kolleezje fan De Fryske Marren aksje ûndernimme wol om de omskeakeling ta of de útwreiding fan geitehâlderijen te foarkommen.

De fraksje wol witte hoe't dit by Rotstergaast krekt yn it bestimmingsplan regele is.

It doarp Rotstergaast - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De PvdA wiist op rjochtlinen fan it RIVM, dy't sizze dat goed twa kilometer ôfstân tusken in geitehâlderij en bewenning winsklik is. Want omwenners hawwe in gruttere kâns op longproblemen binnen in lytsere ôfstân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)