RIVM meldt 239 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 239 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 12 mear as snein. Doe waarden 227 coronabesmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 188 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 174, in wike lyn op 145.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen.

Lânlik

Lânlik leit it tal nije coronabesmettingen op 5331. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 5272.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.