Op Tsjûkepôle wurdt hurd wurke oan nije wâlbeskoaiïng en in strantsje

Op Tsjûkepôle yn de Tsjûkemar wurdt op dit stuit hurd wurke oan it útwreidzjen fan it eilân en it fernijen fan de wâlbeskoaiïng. Yn de ôfrûne wiken is der in lytse 225 meter oan betondaamwand oanlein.
Op Tsjûkepôle is in nije wâlbeskoaiïng oanlein © Nagelhout Woudsend BV
It wurk wurdt útfierd yn opdracht fan Recreatieschap Marrekrite. It eilantsje hie oant dizze simmer houten stegers, dy binne al fuorthelle. Oan de noardkant fan it eilân binne al nije keunststof stegers delset.
Op de daamwand komt noch in keunststof ôfwurking en de kommende tiid wurdt de grûn efter de wâlbeskoaiïng oanfolle.
As Marrekrite de fergunning rûn hat, is it ek de bedoeling dat der in strân oan de súdeastkant fan it eilân oanlein wurdt. In oar eilân yn de Tsjûkemar, Marchjepôle, hat al in strân. Neffens it útfierende boubedriuw Nagelhout sil dat noch in tal wiken wurk wêze.
Sa seagen de lisplakken op Tsjûkepôle der earder út © Omrop Fryslân, Sian Wierda