Veenstra sjocht 'serieus' nei mear opfang, mar fynt dat Ryk rezjy nimme moat

25 okt 2021 - 12:29

De oprop fan it kabinet foar mear opfangplakken foar asylsikers is sa driuwend dat ek Fryslân op 'e nij 'hiel serieus' sjen moat nei de mooglikheden. Dat seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren.

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân

Fred Veenstra is ek vice-foarsitter fan de Fryske rezjytafel, dy't him dwaande hâldt mei de opfang fan flechtlingen yn ús provinsje. "Ik tink dat eltse gemeente de oprop yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oan de oarder stelt", seit Veenstra. Hy neamt it 'wol in hiel driuwende oprop' fan it kabinet. Yn it wykein frege it kabinet de provinsjes om elts hûndert ekstra plakken oan te bieden.

"Ryk moat rezjy pakke"

Eins fynt Veenstra dat it net mear by gemeenten lizze moat. "Neffens my is it probleem op dit stuit sa grut dat it Ryk de rezjy yn hannen nimme moat. It foarderjen fan gebouwen soe wol hiel twingend wêze, mar der binne allicht mooglikheden om it op in oare wize op te lossen."

De opfanglokaasje yn Heech - Foto: Omrop Fryslân

Dochs docht soks foarearst noch net bliken út de aksjes fan it kabinet, jout Veenstra ta. "Blykber is it Ryk dêr noch net ta ree, mar as it noch in pear dagen sa trochgiet, dan sil dat wol moatte", skat de boargemaster yn.

De druk op it oanmeldsintrum yn Ter Apel is grut en de boargemaster dêr fynt dat it belied fan demisjonêr steatssekretaris Ankie Broekers-Knol faalt.

Helpferliening

Neffens Veenstra stiet de humanitêre need foarop. "Wy moatte ús uterste bêst dwaan om help te ferlienen. Mar der leit ek in opjefte foar oare parten fan it lân. Aldergeloks lies ik al berjochten dat der romte beskikber komt yn bygelyks Hengelo, Dronten, Utrecht en Amsersfoort."

Yn Fryslân binne 1.250 opfangplakken regele yn Ljouwert, Balk en Heech.

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren

Veenstra hat him yn syn eigen gemeente foarearst rjochte op it opnij iepenjen fan it azc yn Balk. Oare mooglikheden soene goed ûndersocht wurde moatte, om't it wol oan betingsten foldwaan moat en der genôch fasiliteiten wêze moatte.

Trefwurden: 
opfang asylsikers
(Advertinsje)
(Advertinsje)