Aldereinbûn pleitet foar wer ynfieren fan mûlkapkes en oardelmeter ôfstân

25 okt 2021 - 12:29

Aldereinbûn ANBO pleitet foar ekstra coronamaatregels: mûlkapkes en oardel meter ôfstân soene bygelyks wer ynfierd wurde kinne. By it bûn libje in soad soargen oer de útstelde soarch, dêr't benammen âlderein fan te lijen hat.

Aldereinbûnen wolle strangere coronaregels:

"Ik vind het een verstandig advies. De afgelopen tijd zijn de aantallen positieve testen en opnames vrij hoog en ze nemen toe. De zorg staat onder druk", seit Coen van den Heuvel, hy is foarsitter fan de Stichting Friese Ouderenbonden.

Achternei sjoen binne maatregels as mûlkapkes en de oardel meter miskien wol te betiid loslitten. "Dat is wijsheid achteraf. Wat mij betreft voeren we de maatregels met ingang van gister weer in. Niet alleen voor de ouderen, er zijn ook kwetsbare jongeren. Het is de minst ingrijpende regel op de privacy en bewegingsvrijheid die we kunnen nemen. Het is de ondergrens van wat je mag verwachten van de overheid."

Gjin Russyske tastannen

Hy hat der wol begryp foar dat der ek wjerstân tsjin is. "Maar als we niets doen, komt de zorg nog meer onder druk en daar heeft iedereen last van. Ook als reguliere zorg weer wordt opgeschort." Hy is gjin foarstanner fan wat se yn Ruslân dogge: dêr moatte net faksinearre 60-plussers thús bliuwe. "Dat grijpt wel erg in de privacy in en dat gaat heel erg ver. Als we niet die discussie willen, is het zaak om met de maatregelen als mondkapje en anderhalve meter te komen."

Neffens him moat it kabinet net oant 5 novimber wachtsje mei in nije parsekonferinsje, mar dy tiisdei al dwaan.

Coen van den Heuvel

(Advertinsje)
(Advertinsje)