Eksploazje en wapens by Fryske film Stjer; wie it gefaarlik op de set?

Op de set fan in Amerikaanske film skeat akteur Alec Baldwin by fersin ôfrûne tongersdei de kamerafrou dea. Hy brûkte in wapen dêr't er fan tocht dat it net laden wie. Hoe (ûn)feilich binne filmsets? We freegje it oan regisseur Janko Krist dy't de Fryske film Stjer makke, dêr't hiel wat bekende Friezen yn deagean.
Emiel Stoffers spilet de haadrol yn de film © Stjer
"Doe't ik it nijs hearde, tocht ik: hoe krije se it foar elkoar. We ha ek mei wapens en eksplosiven op de set omrûn en ek op kantoar wienen we oan it sjitten mei fan alles en noch wat", seit regisseur Janko Krist. "We soargen der fansels foar dat dy leech wienen. Mar ik ha ek lêzen dat der mear oan de hân op dy set wie, it wie gaos tink ik."

Eksploazje

Neffens Krist wie it by Stjer op de set net echt gefaarlik. "Dat foel wol wat ta, mar it is leuk om wat om te knallen." Yn de film sit in eksploazje. "It like my leuk om in bedriuw yn te hieren om dat te regeljen. Dat kostet dan 2.500 euro. Dat is in hoop jild, mar we soenen de parse útnûgje, ek omdat it de earste draaidei wie. Mar Emiel fan De Hûnekop woe alles sels dwaan, dus ha we wat op YouTube opsocht."
Mei Cobra-fjoerwurk en wat flessen benzine gienen se oan de slach. "Dy Cobra gie wol ôf, mar der kaam allinne wat reek frij en gjin grutte knal. De flessen waarden lek en stadich begûn it wol wat te brânen, mar dy grutte knal kaam net. Dêr stienen we op te wachtsjen en doe hat Oele Plop noch wat nitraat yn de auto dondere. Dat wie wol mei gefaar foar eigen libben. Der kamen in pear plofkes troch. Dus úteinlik ha we der digitaal in effekt oerhinne set."

Nominaasje

Stjer is ien fan de trije films dy't kâns makket op de priis foar de bêste film, op it Noardlik Film Festival yn Ljouwert. "Ja, dat is bêst leuk om tusken echte films te stean. Dy fan ús is in út de hân rûne coronagrap, de oaren binne echte films, mei normale budzjetten en profesjonele minsken en grutte crews en grutte sets en ek grutte akteurs. Dat is leuk om tusken te stean."
Yn de kategory 'bêste film' binne ek De Kameleon aan de Ketting fan Steven de Jong en Little Amsterdam fan Jörgen Scholtens foardroegen.
Janko Krist