Beitske Visser mei achtste plak takom jier wis fan W Series

25 okt 2021 - 10:54

Autokoereur Beitske Visser fan Twellingea is by de W Series, de Formule 1 foar froulju, as achtste einige. By de lêste races ôfrûne wykein yn Texas waard sy twa kear fiifde en dat smiet in achtste plak op. Dêrmei pleatst Visser har foar de W Series fan takom jier.

Beitske Visser - Foto: Orange Pictures

By de earste edysje fan de W Series yn 2019 waard Visser noch twadde. Mar it ôfrûne seizoen gie minder, mei as djiptepunt in swiere crash op it sirkwy fan Spa Francorchamps.

(Advertinsje)
(Advertinsje)