Wetterskip docht baggerwurk tusken de Skûtel- en Palsepoel by Heech

25 okt 2021 - 10:17

Wetterskip Fryslân set moandei útein mei baggerwurksumheden oan de westkant fan Heech. Sa moat der 3.000 kúb oan drek út de ferbiningsfeart tusken de Skûtelpoel en de Palsepoel helle wurde.

De Skûtelpoel by Heech - Foto: Google Street View

De oan- en ôffier fan wetter moat ferbettere wurde, sa't ynwenners fan Heech better beskerme wurde kinne tsjin wetteroerlêst. Mei it útdjipjen fan de feart kin it wetter better trochstreame. Ek ferbetteret de wetterkwaliteit, wat ek wer goed is foar it bioferskaat.

Dêrnjonken wurdt ek de sleat njonken de Polderwei en De Skatting oan de râne fan Heech útbaggere oer in lingte fan sa'n 360 meter. Dat is dêr nedich om de oanfier fan wetter nei in gemaal te ferbetterjen.

Drekdepot

Oan de noardkant fan de Palsepoel is in baggerdepot oanlein mei in dykje deromhinne. Mei liedingen wurdt de drek nei it depot helle. It giet om in lingte fan fan 650 meter. Nei alle gedachten is it wurk healwei novimber klear. It baggerdepot wurdt mei de tiid yndrûge en op 'e nij mei gers ynsiedde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)