Plysje set plysjehelikopter yn om fertochten ynbraak Stiens oan te hâlden

25 okt 2021 - 10:05

De plysje hat sneintejûn in plysjehelikopter ynset om fertochten fan in ynbraak yn Stiens te finen. Om healwei njoggenen kaam de melding fan ynbraak yn in loads oan de Seedûker.

Foto: SRFotografie

De fertochten wienen útnaaid. De plysje sette de omjouwing ôf en socht mei in hûn en in plysjehelikopter. Dy hâlde de fertochten by in fersoargingshûs yn de gaten en sa koenen se oanhâlden wurde.

It gie om in 18-jierrige ynwenner fan de gemeente Noordoostpolder en in 21-jierrige ynwenner fan gemeente Midden-Groningen. Se hienen in auto stellen yn Veendam, dy is yn beslach naam. Beide fertochten binne ynsletten.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Stiens
(Advertinsje)
(Advertinsje)