Lêste gasten fan Ljouwerter bioskoop Tivoli útswaaid mei konfetty

Foardat de nije, grutte bioskoop yn Ljouwert begjin novimber iepenet, binne sneintejûn Cinema en Tivoli sletten. De lêste film draaide yn Tivoli mei James Bond yn de haadrol, mar de gasten spilen ek efkes in haadrol doe't sy de seal útkamen.
Tivoli draaide de lêste film:
It personiel stie nammentlik klear mei applaus en konfetty. It is de ein fan in hast 125 jier lange teäterskiednis.
Jan Paul Beverwijk fan Pathé wurket der 12 jier as manager en hat tal fan hichtepunten meimakke. "We hebben veel fantastische dingen gedaan zoals cast en crew-evenementen bij bijvoorbeeld De schippers van de Kameleon. Maar wat ook impact had, was dat we door corona zes maanden dicht zijn geweest."

Oantinkens

It waard op it lêst dizze wike ek wat drokker mei minsken dy't ôfskied nimme woenen fan dizze lokaasje, sa fernaam it personiel wol. "Dat was echt te merken de laatste weken. We hebben twee herinneringsmuren ingericht waarop bezoekers hun verhaal konden achterlaten. Een verhaal is me bijgebleven: een vader was met zijn zoon naar The Lion King geweest en die vader was 25 jaar geleden als kind met zijn vader ook naar The Lion King geweest, toen nog in de tekenfilmversie."
De lêste gasten wurde útswaaid © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De kommende wike stiet yn it ramt fan de ferhuzing nei de nije Pathé-bioskoop oan it Ruterskertier. "De laatste puntjes op de i worden gezet en we gaan ons klaar maken voor de opening."
De bioskoop wurdt 3 novimber iepene troch boargemaster Sybrand Buma. Fan tongersdei 4 novimber ôf is publyk wolkom.
Jan Paul Beverwijk fan Pathé