Raerd wol politike en juridyske aksje tsjin te djoere hûzebou

24 okt 2021 - 19:22

In groep jeugd yn Raerd hat aksjefierd tsjin de komst fan sân startershûzen. Sy en Pleatslik Belang fiele har bedondere troch wenningboukorporaasje Elkien, it boubedriuw en de arsjitekt. Dy nije hûzen wurde sa djoer dat de jongerein it net mear betelje kin.

De aksje fan de jongerein sneintemiddei op de nijboulokaasje - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De nije hûzen komme oan de Sélânswei yn it doarp. Dêr wie de aksje snein ek. Pleatslik belang kundige de aksje oan nei't bekend waard dat de priis no op 208.000 euro útkaam plus noch ekstra kosten. Dat is folle mear as de 150.000 euro dêr't op rekkene waard.

De ferklearring dat dat troch hegere materiaalkosten komt, wurdt troch it doarp net akseptearre.

It doarp joech earder grien ljocht foar de ôfbraak fan de eardere âldereinwenten op it nijbouplak fan Elkien, omdat der goedkeape startershûzen foar yn it plak komme soenen. Dy âldereinwenten waarden al brûkt troch de jongerein yn it doarp.

Beswier tsjin boufergunningen

No wol Pleatslik Belang it projekt oernimme tsjin deselde lege grûnpriis as dy't it boubedriuw tasein is.

Om dat te berikken, bliuwt it net by aksjefieren allinnich, seit foarsitter Baukje van Vilsteren. Sy hopet dat de gemeenteried de plannen keare wol en is ek fan doel om beswier oan te tekenjen tsjin de boufergunningen.

Dat jildt ek foar guon omwenners. As dat slagget, tinkt it doarp mei eigen boubedriuwen folle goedkeaper bouwen te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)