Doelpuntemakker Sambissa wol posityf gefoel koesterje nei ferlies

24 okt 2021 - 18:03

Wedstriden tsjin ploegen as Feyenoord wurde beslikke op de details, konkludearret David Sambissa nei it ferlies tsjin de Feyenoorders. "Mar sjochst wol dat we potinsje ha", neffens de doelpuntemakker.

David Sambissa gong nei syn goal nei de ploechgenoaten op 'e bank ta:

De Frânsman, dy't as rjochtsbûten begûn oan de wedstriid, wol it positive fêst hâlde nei de wedstriid. Hy iepene de skoare en soarge betiid yn de twadde helte ek foar de 2-2. "Spitigernôch ha we gjin goed resultaat boekt, mar we ha net opjûn. Dat moatte we koesterje."

Gjin sprint

Nei tsien wedstriden hat Cambuur tolve punten. Tsjin topploegen Ajax en PSV wienen de Ljouwerters kânsleas, mar yn alle oare wedstriden wie der wat te heljen. Ek tsjin Feyenoord. "It is gjin sprint", seit Sambissa. "It is in maraton."

Yn syn earste jierren by Cambuur, en ek by syn foarige klup Twente, stie Sambissa meastentiids linksback. Mar dat er no as rjochtsbûten spile, fielde net raar. "Ik spile earder ek altyd op dit plak. Ik kin op ferskate posysjes goed út de fuotten. As rjochtsbûten fiel ik my sels noch wat komfortabeler."

Ik sta hier met een rotgevoel.

Tom Boere hie de 3-2 op 'e skoech

Sambissa skoarde dus twa kear. Flak nei syn 2-2 hie Tom Boere de Ljouwerters sels op foarsprong sette kind. "Ik sta hier met een rotgevoel", seit er foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân.

Hielendal tsjin Feyenoord kinne je sokke kânsen net lizze litte, seit Boere:

"Die bal moest er gewoon in. Ik stond aardig vrij toen ik de bal van Jamie (Jacobs, red.) kreeg. Ik besloot om 'm in een keer te nemen. De bal moet gewoon tussen de palen. Ik baal ervan."

"Het was denk ik een beslissend moment, achteraf", seit Boere. "Het was de 3-2 geweest en dan weet je niet wat er gaat gebeuren. Dan moet Feyenoord en zouden wij ruimtes krijgen. Het is klote. Vrij snel daarna wordt het 2-3, dan is het helemaal zuur. Wij konden het niet meer omdraaien."

Goals te simpel weijûn

"Ik fyn dat wy winne moatte hienen, dat we te simpel de goals weijouwe", seit trainer Henk de Jong nei de wedstriid. "Dat is skande, dizze moatte je gewoan pakke."

Gjin frustraasjes by Henk de Jong:

"De kâns op 3-2 wie in geweldige kâns, dy moast binnen. Dat wie ek in prachtige oanfal. Do witst tsjin Feyenoord: do komst efterút te hingjen. Kinst net fol druk sette, dan wurde je fan it kastje nei de muorre tikke."

Wat kânsen oanbelanget hat Feyenoord terjochte wûn en ha se mear balbesit hân, seit De Jong. "Dat komt troch har systeem. Mar we hiene op syn minst in punt pakke moatten."

Te beskieden

"Ik ha tsjin de jonges sein yn de rêst: it giet ek om de duels. Dêr moatte we wol yn hurdsje." De klup is dêr neffens De Jong al wol mei dwaande. "Dêr bin ik sels ek hiel direkt yn, mar dat binne krekt de lytse stapkes."

"Ik ha gjin frustraasjes, de jonges dogge der alles oan. Ik fyn dat we dêr noch hieltyd te beskieden yn binne, om dit soarte wedstriden te pakken. En it sit wol yn ús, wy kinne gewoan dizze wedstriid winne", seit De Jong. "We ha no 12 punten, ôfrûne wike ha we ien punt lizze litten, mar hjoed ek seker: it hiene der 14 wêze moatten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)