VC Snits thús hurd ûnderút tsjin promovendus

De follybalsters fan VC Snits binne snein yn eigen hûs tsjin in hurde nederlaach oan rûn. Yn de eigen sporthal waard it 0-3 (18-25, 21-25, 13-25) tsjin VV Utrecht.
Roos van Wijnen © Dijks Fotografie
Promovendus Utrecht hie de earste trije wedstriden fan it seizoen ferlern, mar pakte tongersdei de earste punten. Doe waard it 3-1 tsjin FAST. Yn de Snitser sporthal sette Utrecht dy goede foarm troch: mei in flok en in sucht stie Snits thús al mei 0-2 achter yn sets.
En doe't de ploech fan Jeffrey Scharbaai wist dat it de kommende trije sets winne moast om noch twa punten oan it duel oer te hâlden, gong it by de start fan dy tredde set hielendal mis. Ana Rekar sloech acht punten op rige binnen mei har opslach: 0-8. Tichterby kaam Snits net mear: it ferskil yn de set waard allinnich mar grutter.
"Dit dreunt noch wol even nei", seit ferslachjouwer Hijlko Broersma. "Dit wie net ferwachte. Snits ferliest kânsleas fan in debutant."

Oansluting kwyt

Troch it ferlies rekket Snits de oansluting mei de topploegen kwyt. Snits bliuwt stean op trije oerwinningen yn fiif wedstriden. Nei achttjin wedstriden pleatst de top-fjouwer him foar de kampioenspûl.