Debút Jumbo-Visma by maratonriden smakket nei mear

24 okt 2021 - 15:40

De Jumbo-Vismaploech hat in suksesfol debút makke by de earste Marathon Cup reedriden. Yn de earste wedstriid fan it seizoen lei de ploech beslach op it twadde, tredde, fjirde en fyfde plak.

It maratonriden hat oardel jier stillein. Yn Amsterdam mochten se einlik wer:

It team fan coach Peter de Vries moast op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam allinnich Sjoerd den Hartog fan A-ware foar him litte. De Vries is net ûntefreden. "Mar ik stean hjir wol mei in dûbeld gefoel, hear. Dêr bin ik earlik yn", seit er.

"We geane altyd foar it earste plak. Dat is foar in debutant miskien wat heech, mar ik ha sa'n goeie ploech dat it wol reedlik is. Der sitte jonges by dy't sa aldermachtichst hurd kinne. Dêr moatte wy dan fan profitearje en dy in goeie posysje jaan."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de maraton

Ien fan dy riders is Harm Visser. It 20-jierrige talint út De Westereen waard op syn earste maraton fuortendaliks tredde. "Ik ha ek in dûbeld gefoel. Ik bin bliid mei myn tredde plakje, mar as topsporter wolle je altyd winne fansels. Ik hie dus it leafste foaroan sitten."

Harm Visser - Foto: Orange Pictures

Hy fynt lykwols dat er reëel wêze moat. "Ik siet moai efter Jorrit Bergsma en dat is net in lytse namme. Sjoerd den Hartog fan A-ware klapte dêr noch oerhinne. Ik koe der net mear bykomme en moat tefreden wêze mei in tredde plak."

Visser kriget ek noch de wite trui, foar de bêste jonge rider. "Ja dat is wol in eare fansels. Ik hoopje dizze foarm troch te lûken en dat jimme noch in soad fan my hearre dit jier."

(Advertinsje)
(Advertinsje)