227 nije coronabesmettingen yn Fryslân

24 okt 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 227 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 68 mear as sneon. Doe waarden 159 coronabesmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 174 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 167, in wike lyn op 140.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is wol in Fries mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan Eaststellingwerf.

Lânlik

Lânlik leit it tal nije coronabesmettingen op 6.350. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 4.994.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)