Schulting pakt goud op 1.000 meter yn Peking, ek medaljes foar relayploegen

24 okt 2021 - 13:14

Mei oermacht hat Suzanne Schulting de 1.000 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Peking. De 24-jierrige Schulting hie noch net in soad sjen litten in Sina, mar op dizze ôfstân makke se dat goed.

Foto: ANP

Schulting foel tongersdei yn de kwartfinales fan de 1.500 meter. Op de 500 meter gie se net iens fan start.

Goud foar relayploech manlju

De Nederlânske shorttrackploech mei Itzhak de Laat, Sjinkie Knegt, Sven Roes en Jens van 't Wout hat goud pakt yn de finales fan de ôflossingsnûmers yn Peking. Yn in izersterk dielnimmersfjild rieden de manlju in race sûnder flaters.

Italië en Sina skeakelen harsels út troch in fal. Dêrnei moast Nederlân ôfrekkenje mei Súd-Koreä, dat troch in minne wiksel ek útfoel. De iennige oerbleaune konkurrint wie Hongarije, mar ek dêr wiene de Nederlânske manlju te sterk foar.

Twa kear sulver

Op de mingde ôflossing wie der sulver foar Suzanne Schulting, Sjinkie Knegt, Xandra Velzeboer en Jens van 't Wout. Sina pakte it goud.

Datselde barde yn de ôflossingsfinale fan de frouljusploech mei Schulting, Velzeboer, Selma Poutsma en Yara van Kerkhof. Se leine lang op koers foar it goud, mar waarden yn de lêste ronde ferslein troch Sina.

Olympyske tickets

De shorttrackers kinne by de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden trije olympyske tickets de ôfstân foar harren lân fertsjinje. De wrâldbekerwedstriid yn Peking is de earste yn dy rige.

(Advertinsje)
(Advertinsje)