Ljouwerter bioskopen Tivoli en Cinema foar it lêst iepen, films nei nij pân

Yn Ljouwert binne snein foar de lêste kear de doarren iepen fan de bioskopen Tivoli en Cinema. De beide filmteäters oan de Nijstêd hawwe ûngefear in iuw lang films sjen litten oan it Fryske publyk.
© Google Streetview
De beide gebouwen wurde troch bioskoopkonsern Pathé sluten en de aktiviteiten gean oer nei de nije bioskoop oan it Ruterskertier yn de stêd. It nije filmteäter wurdt woansdei 3 novimber offisjeel iepene troch boargemaster Sybrand Buma. Fan tongersdei 4 novimber ôf kin it publyk der telâne.

Elektrysk ferstelbere stuollen

Yn de nije bioskoop binne sân filmsealen mei elektrysk ferstelbere stuollen. De grutste seal hat 150 stuollen en troch alle audiofisuele technyske snufkes wurdt it neffens Pathé "de filmzaal met het beste beeld en geluid van Het Hoge Noorden".
Teätermanager Jan Paul Beverwijk fan Pathé Ljouwert fynt de nije bioskoop in moaie tafoeging oan it útgeansoanbod yn Ljouwert en omkriten. Neffens him gean der gjin banen ferlern. "Ik ben enorm verheugd dat alle medewerkers van Tivoli en Cinema meegaan naar de nieuwe bioscoop."

Yn 'e ferkeap

De pannen Tivoli en Cinema wurde ferkocht. It is noch net bekend wat de nije bestimming wurdt fan de âlde bioskopen.