FIDEO: Tsjerketsjinst út de Hobbe van Baerdt Tsjerke op De Jouwer wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen tsjerketsjinsten mei in oekumenysk karakter út. De tsjinsten begjinne om 10.00 oere. Se binne te sjen op de livestream op de webside fan Omrop Fryslân en ek op telefyzje. Yn oktober komme de tsjinsten út de Hobbe van Baerdt Tsjerke op De Jouwer wei, mei dit kear de iepeningstsjinst fan de Fryske Tsjerkedei.
De tsjinst mei as tema 'de tiid' hat fjouwer ferskate foargongers: Ruurd Waling, Cor Nijkamp, Annie Schothorst en Christien Ferrari-van Schuppen. Rients Schuddebeurs spilet op it oargel. Fierdere muzikale meiwurking komt fan it oekumenysk koar ûnder lieding fan Emily Diepeveen.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok wennet de tsjinst by yn it ramt fan de Fryske Tsjerkedei. Under de tsjinst set klokmakker Freerk Pasveer fan De Jouwer in klok yninoar.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.