Flyers ferlieze fan Geleen yn dramatyske fiif minuten

24 okt 2021 - 11:29

De UNIS Flyers hawwe sneon mei 2-3 ferlern fan de Snackpoint Eaters Limburg út Geleen. Freed hienen de Flyers ek al ferlern fan Hijs Hokij (3-1). De Flyers einigje nei alle gedachten op it tredde plak yn de bekerpûl en hawwe dêrmei in minne útgongsposysje foar de heale finales.

Flyers ferlieze fan Geleen:

De wedstriid begûn goed foar de Flyers. Wessel Copier sette de 1-0 op it skoareboerd foar de Friezen. Dat barde yn de earste man-mearsituaasje, de powerplay.

Dramatyske fiif minuten

Yn de twadde perioade rûn it hiel oars. Yn in tiidsbestek fan 5 minuten draaiden de Geleen Eaters it duel folslein om. Earst makke Tom Marx de lykmakker en dyselfde Marx skoarde trije minuten letter ek de 1-2. Doe't Joey Geurts der efkes letter ek noch 1-3 fan makke, waard it in dreech ferhaal foar de Flyers.

Yn de tredde perioade makke Wessel Copier noch wol de oanslutingstreffer, op'e nij út in powerplay, mar fierder kamen de Flyers net.

Wessel Copier nei ôfrin fan de wedstriid:

By de UNIS Flyers ûntbrutsen Marc en Kevin Nijland fanwege sykte, en Jasper Nordemann koe fanwege in hamstringblessuere ek net spylje. Sy hoopje takom wykein wer beskikber te wêzen.

Minne útgongsposysje

Nettsjinsteande it ferlies spylje de Flyers wol yn de heale finale fan de bekerkompetysje. De Flyers wurde nei alle gedachten tredde yn harren pûl en moatte dêrom yn de heale finale tsjin de nûmer twa spylje. It is de ferwachting dat dat ek Geleen wurde sil.

Dit is lykwols wol ôfhinklik fan de útslach fan Geleen tsjin Zoetermeer fan snein en de útspraak yn it heger berop oer de útsluting fan Flyers-spiler Riku Pitkänen. Dêroer komt tongersdei mear nijs.

Moandei wurdt it skema foar de heale finales bekend makke. De winners fan de best of 3-searje spylje de bekerfinale op 9 jannewaris 2022.

Foto: Master Muller Media
Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)