Friezen komme krekt tekoart foar winst by Jaap Eden Trofee

23 okt 2021 - 21:48

Aggie Walsma en Harm Visser ha sneontejûn in plakje op it poadium helle by de Jaap Eden Trofee. De winst wie foar Irene Schouten en Sjoerd den Hertog.

Foto: ANP

De Jaap Eden Trofee wie de earste wedstriid om de KNSB Marathoncup. Foar it earst yn twa jier waard wer ris riden: ferline jier wiene der troch corona gjin maratonwedstriden.

Marijke Groenewoud gie nei santjin rondes ûnderút en de wedstriid waard efkes stillein. Nei de werstart wiene de riders foaral nei inoar te sjen. Hjir en dêr besocht ien in gatsje te meitsjen, mar dat slagge gjinien. By it yngean fan de lêste ronde kaam Irene Schouten op kop en sy sette fuort oan.

Schouten net te ferslaan

Ineke Dedden (wennet op It Hearrenfean), Aggie Walsma fan Boalsert en Iris van der Stelt en koene as ienigen folgje. Sy koene Schouten lykwols net byhâlde doe't sy op it lêste rjochte stik de sprint oangie. Dedden pakte it twadde plak, Walsma it tredde. Anne Tauber fan Oranjewâld waard achtste.

By de beloften gie de winst nei Famke Minnee. Sanne van der Schaar fan Harns waard tredde.

Foto: Omrop, Fryslân, Willem Vermeltfoort

By de manlju waard it yn de lêste ronde pas echt spannend. It wie Sjoerd den Hertog dy't de lieding naam, maar hy waard bûtenom ynhelle troch Casper de Gier, dy't op It Hearrenfean wennet. Krekt foar de einstreek helle Den Hertog him dochs wer by,

Harm Visser fan De Westereen kaam ek tichtby, mar koe de manlju net mear byhelje en waard tredde. Jorrit Bergsma einige op it achtste plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)