Sloardich Hearrenfean ferliest troch let doelpunt fan FC Utrecht

23 okt 2021 - 20:36

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn ferlern fan FC Utrecht. De Utrechtenaren wiene net folle better as Hearrenfean, mar troch in let doelpunt wûnen se dochs: 2-1.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfeantrainer Johnny Jansen moast puzelje. Sven van Beek en Nicolas Madsen wienen der troch sykte net by. Boppedat passearre Jansen kluptopskoarer Henk Veerman. Hjirtroch stiene Ibrahim Dresevic, Rodney Kongolo en Siem de Jong yn de basis.

Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Dresevic, Bakker, Kaib; Kongolo, Halilovic, J. Veerman; Musaba, De Jong en Van der Heide.

FC Utrecht wie de bettere ploech yn de iepeningsfaze. Njonken in gefaarlike frije traap fan Siem de Jong liet Hearrenfean neat sjen yn de earste 15 minuten. Utrecht wie wol tichteby in doelpunt: Rami Kaib moast in ynset fan Anastasios Douvikas fan de line helje.

Foaral yn de opbou makken de Feansters der sa no en dan in potsje fan. In soad ballen nei foaren waarden te maklik ynlevere. Dat soarge foar gefaar en sels in doelpunt, doe't de bal nei ynleverjen fan Kaib terjochte kaam by Moussa Sylla. Hy skeat fan rantsje sechtjin de 1-0 deryn.

Sylla fiert de iepeningsgoal - Foto: Orange Pictures

Utrecht koe lykwols net lang fan de foarsprong genietsje. Milan van Ewijk waard de djipte ynstjoerd oan de rjochterkant fan it fjild. Hy koe de bal noch krekt binnenhâlde en foarjaan. De bal kaam doe tsjin Utrecht-ferdigener Willem Janssen oan en sa plofte de bal sa yn it doel: 1-1.

Fuort dêrnei wie Tibor Halilovic mei in hurd skot sels tichteby de 2-1, mar de bal gie oer de goal fan Maarten Paes. Nei goed in healoere krige Utrecht in grutte kâns. Bart Ramselaar koe op in meter of acht fan de goal sjitte, mar Ibrahim Dresevic smiet syn lichem derfoar.

It wie bytiden in echte striid - Foto: Orange Pictures

Nei it skoft wienen der hast gjin mooglikheden. Utrecht wie wol it meast driigjend, mar in doelpunt hong net echt yn de loft. Ek Hearrenfean gie yn de oanfal, mar foaral troch sloardigens kaam it net ta in foarsprong.

Dat slagge Utrecht tsien minuten foar tiid wol. Sander van de Streek (âld-Cambuur) kopte in foarset fan Hidde ter Avest knap binnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)