Tiger Tsezar oankommen by FELIDA, opfang wol útwreidzje

23 okt 2021 - 19:04

De 11-jierrige tiger Tsezar út Oekraïne is freed yn goeie oarder oankommen by biste-opfang FELIDA yn Nijeberkeap. It bist waard misbrûkt foar fok en entertainment en waard by in resort fêstholden yn in koai fan 10 kante meter.

Tiger by FELIDA:

Mei de Roemeenske liuwen dy 't ferline moanne oerkamen, fangt FELIDA no tsien grutte kateftigen op. De opfang makket plannen om út te wreidzjen.

Yn trije dagen fan Kiev nei Nijeberkeap

Oer tiger Tsezar seit fersoarger Juno van Zon: "Hij werd in een kooi vastgehouden met vijf andere tijgers en zat daar in een slecht verblijf waar hij eigenlijk alleen in water rond kon lopen." De tiger waard yn Oekraïne konfiskearre en nei in lyts lokaal opfangsintrum brocht. "Daar hadden ze niet de faciliteiten en de kennis om hem langdurig te houden, daarom is hij nu bij FELIDA."

Tsezar waard yn in transportkiste op in frachtauto ferfierd. Yn trije dagen ried de auto fan Kiev nei Nijeberkeap. Van Zon: "Hij heeft een hele lange rit gehad. Dat is natuurlijk best wel ingrijpend. De eerstkomende tijd moet hij een vertrouwensband met ons opbouwen, en geven we hem zoveel mogelijk rust."

De earste meiwurkers hawwe by de tiger yn de buert west, en dat minsklik kontakt sil stadichoan útwreide wurde.

Stichting VIER VOETERS hâldt in database by fan bisten dy 't yn minne situaasjes ferkeare. Meldingen krije se fia bygelyks social media en lokale non-profitorganisaasjes.

Tiger Tsezar yn de transportkiste - Foto: Stichting VIER VOETERS

Sûnt septimber dit jier soarget FELIDA foar sân liuwen út Roemenië. It gie om bisten út in Deensk sirkus dy 't der min oan ta wienen. Dêroer fertelt lokaasjemanager Simone Schuls: "Ze doen het goed, ze beginnen al te wennen. Eén van de jonge mannenleeuwen is nog wel een beetje nerveus. We zijn druk bezig om een vertrouwensband met hem op te bouwen."

It bouwen fan in betrouwensbân kostet neffens Schuls in soad tiid. Mei stikken fleis besykje de meiwurkers kontakt mei de liuwen te krijen om se te trainen.

Útwreiding

Neffens Schuls is de fraach nei soarch foar fertutearze bisten grut, mar de koaien by FELIDA binne oan fernijing ta. Schuls: "Wij willen heel graag nieuwe dierverblijven bouwen. Daar zijn we nu plannen voor aan het maken."

Mei spesjalisten is de opfang ûntwerpen oan it meitsjen. De hoop is om takom jier mei de ferbouwing te begjinnen.

Manager Simone Schuls en fersoarger Juno van Zon fan FELIDA

(Advertinsje)
(Advertinsje)