Omrop TIP: Fryske Tsjerkedei op De Jouwer

De Jouwer stiet snein yn it ramt fan de Fryske Tsjerkedei. Omrop Fryslân hat omtinken foar dizze dei mei in tsjerketsjinst op telefyzje en in spesjale radio-útstjoering fan Buro de Vries, dy't op lokaasje makke wurdt.
De Hobbe van Baerdttsjerke op De Jouwer © Shutterstock.com (Harry Wedzinga)
De fraach dy't snein sintraal stiet is: wat is de rol fan de tsjerke yn de Fryske mienskip, no en yn de takomst? Op de dei sels binne op acht lokaasjes ferskate tsjinsten, lêzingen, diskusjes en muzykprogramma's.

Tsjerketsjinst op telefyzje

Om 10.00 oere is der, lyk as alle wiken, in tsjerketsjinst by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Dizze tsjinst komt snein út De Jouwer wei. By de iepeningstsjinst is kommissaris fan de Kening Arno Brok. It oargel wurdt bespile troch Rients Schuddebeurs.

Buro de Vries op de radio

Nei de tsjinst nimt Buro de Vries foar de radio it stokje oer. Oan tafel skowe nijsgjirrige gasten oan en ferlachjouwer Simone Scheffer is op 'en paad om ferslach te dwaan fan it oekumenysk barren.

Tsjerkefoarum

Tusken 12.00 en 13.00 oere is der in spesjaal 'tsjerkefoarum'. Dêryn binne Ria Kraa (haadredakteur fan it Friesch Dagblad), Henk Kroes (ûnder oare belutsen by Nijkleaster) en Ruurd Walinga (kabaretier, pastor en snein ien fan de foargongers op De Jouwer).
Der wurde aktuele kwestjes bepraat op it snijflak fan tsjerke en mienskip. Te tinken falt oan rintmasterskip, flechtlingen en etyske kwestjes.
De tsjerketsjinst yn it ramt fan de Fryske Tsjerkedei is snein fan 10.00 oant 11.00 oere by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Dêrnei is tusken 11.00 en 13.00 oere in spesjale útstjoering fan Buro de Vries op de radio. De presintaasje leit yn hannen fan René Koster.