Itzhak de Laat twadde yn B-finale 1.500 meter nei fal yn Peking

Shorttracker Itzhak de Laat is twadde wurden yn de B-finale fan de 1.500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Peking. De Laat gie yn de heale einstriid ûnderút, nei't er licht oantikke waard troch de Kazach Adil Galjatsjmetov.
Itzhak de Laat (rjochts) falt nei't er troch Adil Galjatsjmetov oantikke wurdt © ANP
Galjatsjmetov koe der op syn bar ek neat oan dwaan dat er tsjin De Laat oan siet. It twadde plak fan de Fries yn de B-finale wie in sjuerybeslissing.
Dyselde sjuery besleat dat de Kazach wol troch mocht nei de finale. Hy waard dêryn twadde achter de Rus Semjon Jelistratov. It brûns gie nei de Sinees An Kai.

Testevent

De wrâldbekerwedstriden yn Peking jilde as testevent foar de Olympyske Spelen fan febrewaris takom jier. Suzanne Schulting en Sjinkie Knegt giene earder dizze wike op de 1.500 meter yn de searjes al ûnderút.