Omrop TIP: Trije films mei Nije Eagen

FryslânDOK presintearret mei Nije Eagen trije koarte dokumintêren fan jonge makkers. Sytske Hoogterp, Eza Doortmont en Annemarie Lindeboom jouwe mei harren films in eigen blik op de wrâld om har hinne. De films binne te sjen op 23 oktober by NPO2 en op 24 oktober by Omrop Fryslân.
Filmer Sytske Hoogterp (1989) folget lânskipshistoarikus Jeroen Wiersma (1985) by syn ûndersyk yn ien fan de lêste stikjes boeregreppellân yn Fryslân.

Sytske Hoogterp 'Libbenslinen'

Yn dizze omjouwing mei lagen fol libben en kultuerhistoarje freget sy har lûdop ôf hoefolle folgjende generaasjes har noch oer dizze rykdom ferwûnderje kinne. Op 'e achtergrûn klinkt it langstme troch nei in wrâld mei romte foar ferskaat, ferbining en bewustwurding.
Ut de film Libbenslinen © Sytske Hoogterp
Sytske Hoogterp hat in soad yn it bûtenlân reizige. Doe't Wiersma har frege om greppels te dokumintearjen fan it Fryske plattelân seach sy net oankommen dat dit stikje lânskip, yn kombinaasje mei de besieling fan de lânskipshistoarikus én de minsken dy't mei dit lân wurkje, har sa ticht by har eigen woartels werombringe soene.
Hoogterp: "Ik fielde my op in stadige, organyske manier opnommen yn it lânskip."
Sytske Hoogterp oer 'Libbenslinen'
Libbenslinen - heech gers © Sytske Hoogterp
As tsiende generaasje yn syn famylje is Marten Boonstra fan Akkrum in grutske Fryske bakker dy't him sterk ferbûn fielt mei it ferline. Fan oranjekoeke oant sûkerbôle, hy bakt it allegearre neffens tradisjoneel Frysk resept, mar jout der wol syn eigen draai oan.

Eza Doortmont 'Fan blom oant bôle'

Sa is it ek mei de takomst fan de bakkersfamylje. It bakkersfak en de famyljeskiednis sprekke fansels foar Marten, mar oft de folgjende generaasje dat ek sa ûnderfynt, is de fraach. Hy wol syn bern frijlitte yn harren beropskeuze, lykas syn eigen heit by him dien hat.
Bôle fan bakker Marten Boonstra © Eza Doortmont

'Alles waar ik van hou'

Filmer Eza Doortmont (1993) is fassinearre troch dingen yn ús maatskippij dy't ferdwine kinne. Boppedat hâldt sy fan ferhalen dy't net út de Rânestêd komme. Har eigen pake wie bakker en se hat sels ek yn in bakkerij wurke. Doortmont: "Alles waar ik van houd zit in de bakkerij van Marten."
Eza Doortmont oer har film 'Fan blom oant bôle'
Yn 'Flatliners' smeit filmer en wurdkeunstner Annemarie Lindeboom (1989) bylden, wurden en muzyk ta 'de soundtrack fan in flat'. Lindeboom filmet dêrfoar de bewenners fan in flatgebou yn har wenplak Ljouwert, dy't 'de sin fan har libben' mei har diele.
Flatliners © Annemarie Lindeboom
Lindeboom: "By my giet it om it sintsje 'Het is nu tijd om voor mijzelf te zorgen'. Doe't in psycholooch my dit advys joech nei myn burn-out, krige ik pikefel en woe ik it leafst sa gau mooglik fuortrinne. Want dy sin soe ik nea fan myn libben sizze. It is in útspraak fan myn mem, dy't just hiel goed foar harsels soarge. Wannear't ik dat sizze soe, soe ik krekt as myn mem wurde, en dat is it lêste wat ik wol."

De sin fan dyn libben

Underweis fan de psycholooch nei hûs tocht sy: "As ik sa'n sintsje ha dat myn libben bepaalt, dan bin ik dêr fêst net de iennige yn. Dêrom frege ik oan de minsken yn myn film: Hokker sin fan dyn libben wolsto mei my diele?"
Annemarie Lindeboom © Eigen foto
Annemarie Lindeboom oer 'Flatliners'
Nije Eagen is in gearwurking tusken FryslânDOK, Stichting Thuishaven en PLONS! Film Festival, mei as doel jong talint de kâns te jaan in dokumintêre te meitsjen.
FryslânDOK: Nije Eagen
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.