Kerstin Casparij makket wedstriiddebút by Oranjefroulju yn duel tsjin Syprus

Fuotbalster Kerstin Casparij fan It Hearrenfean hat freedtejûn har wedstriiddebút by Oranje makke yn it duel tsjin Syprus. De Nederlânske fuotbalfroulju wûnen de tredde groepswedstriid yn de WK-kwalifikaasje mei 8-0.
Kerstin Casparij (links mei rêchnûmer 19) © Orange Pictures
Yn de slotfaze fan de wedstriid mocht Casparij fan bûnscoach Mark Parsons it fjild op fan it stadion yn de Sypriotyske stêd Larnaca. Friezinnen Sherida Spitse en Siska Folkertsma stiene yn de basis.

Hattrick foar Roord

Jill Roord wie mei trije treffers de topskoarer yn de ploech fan Parsons. Troch treffers fan Vivianne Miedema, Daniëlle van de Donk en Roord gie Oranje nei amper 20 minuten al mei 3-0 oan de lieding.
Nei it skoft rûnen de Oranjefroulju rap út nei 6-0. Roord skoarde twa kear en it fyfde doelpunt wie fan de Sypriotise Chara Charalambous yn eigen doel. Joëlle Smits, dy't ek debutearre, en Merel van Dongen makken de skoare kompleet.

Kopposysje oernommen

Mei de winst hat Nederlân yn de pûl de kopposysje oernommen fan Tsjechië, dat mei 4-0 yn Yslân ferlear. Oranje liedt mei 7 punten, folge troch Tsjechië (4 punten), Wyt-Ruslân en Yslân (beide 3 punten). De Oranjefroulju spylje tiisdei yn Minsk tsjin Wyt-Ruslân.