Fred Veenstra oer opfang asylsikers: 'Oare dielen fan ús lân kinne mear dwaan'

23 okt 2021 - 09:00

Fryslân docht op it stuit genôch foar de opfang fan asylsikers, fynt Fred Veenstra. Yn Fryslân wurde op it stuit 1.250 flechtlingen opfongen. En dêrmei leit ús provinsje boppe it lanlik trochsneed.

Foto: Omrop Fryslân

"As der sjoen wurde moat nei in goede ferlieding oer ús lân, en do sjochst nei dy 1.250 foar Fryslân, dan dogge wy yn Fryslân mear as getalsmjittich fan ús ferwachte wurde", seit de boargemaster fan De Fryske Marren: "Net tefolle, mar op dit stuit genôch."

"Ik tink dat der parten fan ús lân binne dêr't mear dien wurde kin." Dat soe neffens him flugger ferrinne as der mear stjoer fan it regear wei komme soe. "Ik tink dat gemeenteriedsfraksjes harren kolleezjes oproppe kinne om romhertiger te wêzen. Ik tink ek dat der út it kabinet wei wat mear druk op set wurde kin."

It kabinet hat alle provinsjes freed oproppen om tegearre plak foar nochris tûzen asylsikers te finen. De kommissarissen fan de Kening sille no sjen oft dat slagget, seit in wurdfierder fan it ministearje fan Justysje. Woansdei sei Brok noch dat de grins wat de opfang yn Fryslân oanbelanget eins wol berikt wie, mei as kanttekening: "Mar wy kinne altyd sjen wat der mooglik is."

Fred Veenstra fynt dat Fryslân op dit stuit genôch docht:

En dat bart op dit stuit net genôch, fynt Veenstra. "Ik tink dat ik en nei alle gedachten in soad fan myn kollega's wol sizze soenen dat it kabinet en de steatssekretaris as earste ferantwurdlike dêr wol wat better oan lûke kinne."

Dat der no yn it Noarden fan it lân in protte asylsikers opfongen wurde is moai, mar miskien net ideaal, seit Veenstra: "Plattelân liket hiel geskikt, oeral giet dat oer it algemien prima. Mar we moatte wol konstatearje dat yn de stedske gebieten folle mear foarsjenningen binne foar minsken dy't dêr komme te wenjen."

En bettere foarsjenningen liede neffens him ta bettere opfang. "De bern moatte fier nei skoalle, der is amper in winkel yn de buert, it iepenbier ferfier is net sa't it wêze moat. Dan kin ik my yntinke dat mear foarsjenningen liede dat in better nivo fan opfang."

azc Balk

Yn syn eigen gemeente sit in opfangsintrum yn Balk. "Balk is in hiele bysûndere situaasje. Hoe't we dat mei de COA dogge, mar ek wat de fergunningproseduere oanbelanget." Der rinne noch hieltyd prosedueren fan omwenners tsjin it azc. "De rjochtbank hat yn augustus útsprutsen dat de fergunning ferneatige wurdt."

Fred Veenstra oer it azc Balk, dat der sûnder fergunning stiet:

"Aldergeloks hat de rjochter wol sein dat de belutsene yn syn bedriuwsfiering net oantaast wurdt, dus dat is al hiel wat. Der sitte juridyske gebrekken yn, en nei stúdzje fan advokaten, de gemeente en it COA tinke we dat we dy gebrekken oplosse kinne."

Takomst fan it azc

De gemeente praat dizze wike oer it langer iepen hâlden fan it azc. Veenstra hat de hoop dat de gemeente goedkarring jaan sil. "Ik tink dat we dêr as kolleezje goede petearen oer hân ha. Wy hawwe as kolleezje in foarstel dien, wêrfan't wy yn fertrouwen sizze: wy geane der fanút dat de rie dit yn mearderheid akseptearret."

Ek nei de ynwenners ta tinkt Veenstra dat der begryp is. "Wy ha in petear hân, ek mei ynwenners dy't dêryn ynsprutsen hawwe, dat wie in posityf petear. Der hat in ynformaasjejûn west yn Balk. Dêr wienen fansels ek minsken dy't seinen 'doetiids seinen jimme fiif jier en net langer, mar wy snappe dat de need yn de wrâld heech is'."

Uteinlik leit it beslút by de gemeente, en der moat nettsjinsteande it fertrouwen rekken holden wurde mei ôfwizing fan it foarstel. "Dan is it hjoeddeiske kontrakt mei it COA ferrûn. Dan moat op basis fan dat kontrakt it hiele azc foar 1 maart 2022 ôfbrutsen wêze."

Gjin konsistint belied

As de need leech is wurdt der besunige op opfang, as de need heech is dan is der te min plak, seit Veenstra. "It COA, dy't foar de opfang soargje moat, wurdt troch it Ryk somtiden mei besunigingen konfrontearre."

Der moat in buffer komme foar de opfang fan asylsikers, fynt Veenstra:

Dat hat Veenstra sels meimakke mei de opfang yn Balk. "Wy ha dat yn 2016 iepene, mar twa jier letter sei it COA: der binne wat minder asylsikers, it Ryk knypt ús wer ôf, wy moatte it slute. En trije moannen letter moast it wer iepen."

"Dit jildt foar it hiele lân, dat it COA gjin buffer hat om as de need oan de man komt en ynienen mear asylsikers komme, dy dan goed op te fangen."

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Fred Veenstra.

Der is gjin konsistint belied, wat de opfang fan flechtlingen oanbelanget, seit Veenstra: "Ast de skiednis trochgiest fan it COA, dan sjochst hieltyd dat it hinne en wer giet. It giet fansels op en ôf yn de wrâld mei oarloch en krisis, mar wy hawwe as lân gjin buffer om ynienen opkommende streamen op te fangen."

En as it dan wer safier is, krije de gemeenten it foar har rekken. "Dan sitte we wer mei opfang yn sporthallen en oare plakken, dy't dêr eins hielendal net geskikt foar binne."

Trochstream fan statushâlders

De opfang fan asylsikers is in probleem, mar der sitte ek minsken yn azc's dy't al statushâlder binne. "Neist it feit dat der op dit momint tûzen minsken de wike ús lân ynkomme, is dat it twadde grutte probleem: dat der 11.000 minsken yn Nederlân yn azc's wenje dy't in fergunning hawwe, dy't bliuwe meie en wachtsje op in normale wenning."

It probleem spilet ek yn De Fryske Marren, seit Veenstra. "Op dit momint ha wy ek in efterstân, dat komt troch de situaasje op de wenningmerk. Wy dogge ús uterste bêst om dit jier noch tsientallen minsken in plak te jaan, mar dy wenningen moatte der wol wêze."

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)