Wetteroerlêst polder Ypekolsgea: "Myn trekker pompt likefolle as it gemaal"

23 okt 2021 - 07:18

Der moat aksje komme, leaver hjoed as moarn. Boer Johan Oerlemans fynt dat Wetterskip Fryslân gau wat dwaan moat oan de wetteroerlêst yn de polder by Ypekolsgea. Doe't Oerlemans tongersdei út it rút seach sakke de moed him yn 'e skuon. Foar de fjirde kear dit jier stie syn lân foar in grut part ûnder wetter.

Polder Ypekolsgea stiet wer ûnder wetter

"In simpele bui fan 50 milimeter dat moat it lân maklik hawwe kinne. Safolle gaos op it lân dat is net normaal, dan kloppet der wat net yn it gebiedt, seit de boer.

Skea en lêsten

Johan Oerlemans hat begjin dit jier mei syn broer de pleats fan harren âlden yn Ypekolsgea oernommen. It wie in dreech jier. Yn de maitiid rekken sy twa kear harren mais kwyt en no liket it krekt ynsiedde gers ek wer te fersûpen.

Oerlemans: "Dan hawwe je 30.000 euro oan skea oan de mais, 20.000 euro skea oan gers, dan betelje je wetterskipslêsten dy't heger binne as myn persoanlik ynkommen, nou, wêr dogge je it dan foar."

Krekt ynsiedde gers ûnder wetter - Foto: Omrop Fryslan

Myn boereferstân seit dat it gemaal trije à fjouwer kear sa grut moat.

Boer Johan Oerlemans

Ein augustus stie de polder by Wâldsein ek ûnder wetter en holpen boeren it wetterskip mei leechpompen. Doe wie der 160 milimeter rein fallen: dat is safolle, dêr is neat oan te dwaan. Mar dat it lân nei 50 à 60 milimeter rein ek wer blank stiet, kloppet neffens Oerlemans net.

Mear gemaal?

De oplossing: in grutter gemaal. "Myn trekker pompt likefolle as it gemaal Yndyk. Myn boereferstân seit dat it gemaal trije à fjouwer kear sa grut moat." In oare oplossing soe in ekstra gemaal wêze kinne.

It hjerstseizoen is noch mar healwei, der komt noch mear rein. Oerlemans is benaud foar de gefolgen as it in pear dagen efter inoar reine sil. Dêrom lûkt hy no oan de bel: "Der moat aksje komme."

Wetteroerlêst yn de polder Ypekolsgea - Foto: Omrop Fryslan

Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân tinkt net dat in grutter gemaal fuortendaalks de oplossing wêze sil. "Dan moet je ook de watergangen vergroten, want het water moet ook bij het gemaal kunnen komen."

Oplossing foar koarte termyn

Boppedat moat de ôfwettering fan it lân der geskikt foar wêze. Foar it wetterskip is de koartetermynoplossing it ynsetten fan ekstra pompen om de oerlêst sa gau as mooglik fuort te nimmen. Wetterskip Fryslân hat dêr 14 needpompen foar. Op de lange termyn wolle se mei de belutsenen yn petear oer strukturele oplossingen.

Wateroverlast zullen wij als Waterschap te allen tijden minimaliseren maar helemaal voorkomen kunnen we het niet.

Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân

Van Weperen seit te begripen dat boeren it tiid fine foar aksje. Neffens him wurde der al wettergongen grutter makke sadat der mear wetter oan- en ôffierd wurde kin.

Fierder wurdt der sjoen nei plakken dy't sa ynrjochte wurde kinne dat se makliker wetter ien, twa of trije dagen fêsthâlde kinne.

Bestjoerder Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

"Klimaatverandering is een fenomeen waar wij mee zullen moeten leven. Wateroverlast zullen wij als Waterschap te allen tijden minimaliseren maar helemaal voorkomen kunnen we het niet", sa beslút Van Weperen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)