Habtamu de Hoop: Fokkens har reaksje op skrassen busline 'te maklik'

PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop hat flinke krityk op Avine Fokkens. De deputearre sei yn reaksje op it skrassen fan de bushalte yn De Westereen dat 'it hat spyt', mar dat it gewoanwei in gefolch fan de coronakrisis is. Neffens De Hoop is dat 'te maklik' fan har.
PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop © ANP
"Ik fyn it te maklik om it samar te akseptearjen", seit De Hoop. "Ik lies de reaksje fan de deputearre yn Fryslân, dy't sei: it is no ienkear sa dat ferfierders derfoar kieze om stasjons te skrassen mei de krapte yn de coronakrisis. Dat kinne je akseptearje, mar je kinne de fûsten der ek ûnder sette."
De Hoop wiist likegoed nei de ferfierders as nei de bestjoerders. "Ferfierders hawwe in ferantwurdlikens, mar bestjoerders moatte ek harren poat stiif hâlde en sizze wêr't it jild foar bedoeld is. Der wurdt tefolle tocht oan oft in bus wol rendabel is of net, mar je moatte ek omtinken hawwe foar de leefberens."

Undersyk

Steatssekretaris Steven van Weyenberg moat mei faasje komme mei in ûndersyk nei de gefolgen fan it skrassen fan buslinen en bushalten op it plattelân, sa fynt De Hoop.

De Westereen

Oanlieding wie it opheffen fan de halte Noarder Stasjonsstrjitte by it treinstasjon yn De Westereen. Dêrtroch moatte ynwenners fan De Westereen aanst kilometers rinne om de bus te pakken en ferwynt de oansluting mei de treinferbining fan Ljouwert nei Grins.
PvdA-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop
"Dit stiet symboal foar in soad regionale ferbiningen dy't ferdwine. Minsken dy't bûten de stêd wenje hawwe likegoed rjocht op goede ferbiningen", stelt De Hoop. "Der binne in soad ferbiningen skrast yn de regio, wylst der just mear as twa miljard nei ferfierders gien is yn coronatiid om de berikberens oerein te hâlden. No sjogge je yn de praktyk dat ferbiningen dochs skrast wurde."