'Trije musketiers' wer byinoar by Reggeborgh: "It is in fertroud gefoel"

22 okt 2021 - 18:26

By de jongerein rieden sy altyd yn deselde ploech. Dêrnei giene Femke Kok en Michelle de Jong nei de kommersjele ploech fan Reggeborgh. Sûnt dizze simmer rydt ek Marrit Fledderus dêr by en dat betsjut dat de 'trije musketiers' wer byinoar binne.

Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong:

"Hoe oud waren we toen jongens?", freget Femke Kok oan Marrit Fledderus en Michelle de Jong, dy't antwurd jout: "Vijftien of zestien." Kok: "Dan binne we al seis jier ploechgenoaten. Mar we kenne inoar al langer."

Kok (21), Fledderus (20) en De Jong (22) binne noch mar jong, mar rinne al in skoft mei yn it reedriden. Foarhinne by it Gewest Fryslân en no sitte se alle trije by Reggeborgh. Foar Kok en De Jong wurdt it harren twadde jier by coach Gerard van Velde. Fledderus is dit seizoen nij kaam.

"Goeie klik"

De trije froulju binne ploechgenoaten, mar ek goeie freondinnen. En neffens Fledderus hawwe se in soad oan inoar. "Op alle flakken gewoan. As we earne mei sitte, geane we nei elkoar ta. En op technysk flak hawwe wy hiel folle oan elkoar."

It makket dat de 'trije musketiers' it goed nei it sin hawwe, fertelt Kok. "It is in fertroud gefoel, want do witst watst oan inoar hast. We folje inoar hiel goed oan en dat is wêrom't it sa goed klikt. En wêrom't we safolle wille mei inoar hawwe."

Fan it trijetal is Kok as reedrydster it fierst, as je sjogge nei de prestaasjes. De sprinter fan Nij Beets pakte ferline seizoen sulver op it WK ôfstannen op de 500 meter. Dêrneist ried se sa fluch op dy ôfstân (37,08), dat sy mar krekt boppe it Nederlânske rekôr fan Jouster Thijsje Oenema (37,06) siet.

Hege ferwachtingen

It soarget foar in heger ferwachtingspatroan by de bûtenwrâld, fernimt Kok. "Ja dat is nij foar my. Ferline jier ferwachte net ien noch wat fan my. No ferwachtet eltsenien datst it wol efkes dochst. Mar it is gjin garânsje dat it no wer sa goed giet as ferline jier. Eins slacht it nearne op dat al dy minsken dat ferwachtsje. Want ik moat ek gewoan wer op nul begjinne", fynt Kok.

Ien ding skeelt. Kok: "Ik bin frij nuchter. Dat helpt der wol yn dat ik it by my del lis."

As lyts famke dreamst der fan om dêr oan de start te stean.

Femke Kok oer de Olympyske Spelen

It reedrydseizoen stiet yn it ramt fan de Olympyske Spelen, dy't oer goed trije moannen plakfine yn it Sineeske Peking. Riders kinne harren dêrfoar pleatse op it olympysk kwalifikaasjetoernoai, dat tusken de krystdagen en âld en nij ferriden wurdt yn Thialf.

Dream fan de Spelen

Mar, Nederlân mei nei alle gedachten mar njoggen riders en njoggen rydsters nei Sina stjoere. En dus wurde der goeie prestaasjes ferwachte op it OKT. "Pleatse is hartstikke dreech yn Nederlân. It is ek mar ôfwachtsjen oftst it hellest. Mar, as lyts famke dreamst der fan om dêr oan de start te stean", doelt Kok op de Spelen.

Sy mikt dêrmei op de twa sprintôfstannen, de 500 en de 1.000 meter.

'De trije musketiers' by Reggeborgh - Foto: Omrop Fryslân

Lykas Kok binne ek Fledderus en De Jong sprinters, dy't it fan de 500 en de 1.000 meter hawwe moatte. Dus kin it samar foarkomme dat ien fan harren derfoar soarget dat de oar net giet.

"Je gunne it inoar, om't je witte wat we derfoar dogge. Dat makket de teloarstelling dan lytser", seit Fledderus. Kok follet oan: "Ik haw leaver dat ien fan ús giet as ien út in oare ploech."

Foar Fledderus is it allegearre nij. Sy ried hjirfoar, lykas Kok en De Jong, foar it Gewest Fryslân. Mar troch har brûnzen medalje op it NK ôfstannen fan ferline seizoen, bruts se troch. It soarge derfoar dat Gerard van Velde har graach nei Reggeborgh ta helje woe. En dat barde ôfrûne simmer.

Profreedrydster

Dêrmei is sy no profesjoneel reedrydster. "Dat klinkt dan wol wer hiel nuver ast dat seist. Mar, fernimst dat it profesjoneel is. It befalt echt hiel goed. Ik bin folle better wurden en ik hoopje dat dat der út komt dit seizoen", fertelt Fledderus.

By trainingswedstriden yn it foarseizoen ried se sels al in persoanlik rekôr op de 1.000 meter. Fledderus hopet in folgjende stap te setten troch har op it NK ôfstannen nije wike te pleatsen foar de wrâldbekerwedstriden. "It soe foar my hiel goed wêze om nei it bûtenlân te gean en dat mei te pakken. Want ik haw noch net safolle yn it bûtenlân riden, allinne mei de junioaren."

We sochten de 'trije musketiers' op, dizze wike op de training:

Michelle de Jong, it jongere suske fan Antoinette, hopet har lykas Fledderus te pleatsen foar de wrâldbekers. En in startbewiis foar it WK sprint stiet heech op har ferlanglist.

Wrâldbekers en WK sprint

Opfallend is dat sy de Olympyske Spelen net neamt. "Het zit wel in je achterhoofd, maar er zijn andere doelen die belangrijker zijn voor mijn eigen ontwikkeling. Voor mij zijn de wereldbekers en het WK sprint belangrijk. Ik ben nog zo jong, al die dingen leer ik van en neem ik mee."

De Jong sjocht wat dat oanbelanget al foarút nei de Spelen fan 2026. "Ik hoop dat ik daar mooie dingen kan laten zien."

Publyk yn Thialf

De trije froulju steane nije wike oan de start fan it NK ôfstannen. Se ride alle trije de 500 en de 1.000 meter. Dat dit plakfine sil yn Thialf, dat foar trijekwart folle wurde kin mei publyk, makket it foar de Reggeborgh-rydsters wol ôf. "Dat fyn ik echt super leuk", seit Kok.

Fledderus wit dat der in soad minsken komme sille út har wenplak Sint-Nyk. Mar: "It is sa moai om te sjen en ik bin hiel bliid dat it wer kin. Al fielt it wol hiel nuver dat Thialf wer fol sit."

Dêr slút De Jong har by oan. "Ik denk dat het heel erg wennen is dat iedereen er weer is. Dat heb je echt gemist."

(Advertinsje)
(Advertinsje)