'Drop je knife'-aksje hat eintsjebeslút 25 wapens opsmiten yn Fryslân

22 okt 2021 - 15:53

De lanlike ynleveraksje mei de namme 'Drop je knife' hat yn Fryslân 25 wapens opsmiten. Der binne benammen messen by de plysje ynlevere, mar dêrnjonken ek boksbûgels en nepfjoerwapens.

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân by in ynleverpunt - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ferline wike wie der al in tuskenstân bekend, mar sûnt dy tiid binne der net mear wapens ynlevere. Jongelju koene mei de aksje 'Drop je knife en doe wat met je life' anonym wapens ynleverje, sûnder dêr straf foar te krijen. Acht Fryske gemeenten diene oan de aksje mei.

Trefwurden: 
plysje wapens Drop je knife
(Advertinsje)
(Advertinsje)