Bangura yn de basis tsjin Feyenoord, De Jong hopet op in punt

Cambuur spilet dit wykein yn eigen stadion tsjin Feyenoord. "In kreaker", sa neamt Cambuur trainer Henk de Jong de wedstriid fan kommende snein tsjin de Rotterdammers.
Henk de Jong oer de "kreaker" tsjin Feyenoord:
"Ja, moai, prachtich", seit er. Mar hoe moai ek, it giet snein wol om de punten: "Wy moatte punten helje. Wy hawwe ôfrûne wykein ien lizze litten en wy moatte sjen om dy wer werom te heljen. De kâns dat Feyenoord fan ús wint is grutter as dat wy fan Feyenoord winne, mar it is wol in kâns." De Jong wol net sizze hoe't er Feyenoord bespylje wol, hy hâldt it derby dat der kânsen lizze.

Punten pakke tsjin in topploech

Tsjin PSV, Ajax en AZ slagge it Cambuur net om punten te pakken. En ek Feyenoord is in topploech. "It kin in oantreklike wedstriid wurde. Arne Slot is gewoan in goeie trainer. Hy hat by my it diploma helle en hy wol ek oanfalle, krekt as wy."
Dêr leit neffens De Jong de útdaging foar syn ploech. "Dêr moatte wy dan wer wat op fine. En it moat ris in kear krekt goed falle, in puntsje tsjin in topploech, dat soe geweldich wêze. En it kin samar in kear: 'Eens komt de tijd'."
Alex Bangura oer de wedstriid tsjin syn âlde ploech:
Nei in skorsing is Alex Bangura snein wer de linksback fan Cambuur. De Rotterdammer spilet tsjin syn âlde ploech en der sil de ôfrûne wike wol it nedige kontakt west ha tusken Rotterdam en Ljouwert, sa is de ferûnderstelling. Mar dat falt wol in bytsje ta, sa seit Bangura. "Valt wel mee hoor, niet zoveel. Misschien moet het nog komen, maar voor nu valt het wel mee."

'Nu ben ik voor Cambuur'

Bangura sjocht as Rotterdammer út nei de wedstriid tsjin Feyenoord. "Ik ben nog steeds wel een beetje Rotterdammer. Het is wel een speciale wedstrijd tegen de club waar je in de jeugd hebt gespeeld. Vroeger was ik echt fan, maar nu ben ik meer fan van de club waar ik nu speel. Als Feyenoord tegen Ajax speelt, dan ben ik voor Feyenoord. Maar nu ben ik voor Cambuur."
Bangura is realistysk oer de kânsen fan Cambuur tsjin Feyenoord. "Je weet op voorhand dat het gewoon lastig wordt. Feyenoord is één van de topploegen. We moeten zelf heel scherp zijn en als team goed voetballen, dan kunnen we een resultaat halen. Ook tegen Feyenoord. En Cambuur is Feyenoord in het klein. Ik hoop dat we een goed resultaat kunnen halen."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Feyenoord begjint snein om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Snein yn Fryslân.