Jongelju yn Raerd komme yn opstân; nijboupriis starterswenningen flink omheech gien

De jongelju fan Raerd binne lilk. De prizen foar de sân starterswenningen dy't boud wurde soene foar 150.000 euro binne flink omheech gien, nei 208.000 euro. Dêr komt noch in grut bedrach oan ekstra kosten by. De hûzen binne foar starters sa net mear te beteljen.
Raerd komt yn ferset:
De jongelju fan Raerd fiele har foarliigd troch wenningkorporaasje Elkien, arsjitekt Wijffels en boubedriuw Zijlstra. Snein komme de jongelju yn opstân.
Ytsen Strikwerda fan Elkien begrypt de reaksje. "Se wienen noch yn de ferûnderstelling dat de priis 150.000 wêze soe, dêr't yn it begjin oait praat is. Dat wie in rûzing op in sigaredoaze. Yn de rin fan de jierren en hielendal mei dizze gekte binne materialen flink djoerder wurden en dêrtroch binne de prizen eksplodearre."
© Shutterstock.com (schankz)
"Wy ha der net sa'n rol yn hân. Wy ha allinne de grûn beskikber steld en de kontakten tusken oannimmer, arsjitekt en doarp lein. Achterôf hie it kontakt folle yntinsiver moatten en miskien hie earder oanjûn wurde moatte dat de prizen omheech gean. Mar dat is achterôf."

Net de haadpriis

Hy begrypt de teloarstelling by de jongelju. "It hat altyd ús yntinsje west om it foar in sosjale priis yn te bringen. Wy freegje der net de haadpriis foar. Mar it wurdt no krekt dien oft oaren der flink oan fertsjinje en dat moat ik dochs wol bestride, want de prizen binne gewoan enoarm eksplodearre."
"Wy hiene it leafst foar 125.000 euro de wenningen del setten, mar sa is it hjoed-de-dei net. Der kinne wy neat oan dwaan en de oannimmer ek net. It iennige dat je sizze kinne is: dat hiene se earder mei mekoar bepraten kinnen. Achterôf hie dat better kinnen."
Neffens Baukje van Vilsteren fan Plaatselijk Belang Raerd klopje de feiten net. "Yn febrewaris ha we te hearren krigen dat it nei 160.000 euro gie en yn maaie wie dat al 195.000. Dêr is net oer kommunisearre."
Dat wie net de ôfspraak en dêr binne se boas oer. "Der binne wol deeglik ôfspraken makke, mar dy wurde no net neikommen. Us doel wie om starterswenningen foar de jeugd te bouwen. As der gjin jeugd mear is, ha we gjin mantelsoargers en gjin frijwilligers mear. Dan rint ús doarp leech en dat wolle we net."
Se sille snein aksje fiere en ek in beswierproseduere begjinne.
Ytsen Strikwerda fan Elkien en Baukje van Vilsteren fan Plaatselijk Belang Raerd