Meitsje 'lienwurden' in taal minder orizjineel? Dy fraach stiet sintraal op sympoasium
Wat is in 'lienwurd'? En wurdt de kwaliteit fan it Frysk bedrige troch dy wurden út in oare taal? Dat wol de Stifting Fryske Bibeloersetting (SFBO) mei oersetters, redaksje en oaren ferkenne op it sympoasium dat dizze freedtemiddei by Tresoar is.
"In lienwurd is in wurd dat oarspronklik út in oare taal komt, út it Frânsk bygelyks. In wurd as 'aljemint' liket geef Frysk, mar komt eins út it Frânsk", leit Lútsen Kooistra út. Hy is mei oaren dwaande om in nije Fryske oersetting fan de Bibel te meitsjen. Dêrby komme sokke kwestjes oan de oarder. "Guon fine dat lienwurden in taal minder orizjineel meitsje en dat je bygelyks 'hollanismen' sa min mooglik brûke moatte. Op it sympoasium prate we dêroer mei it each op de nije Fryske bibeloersetting. Hoe gean we dêrmei om? Is it slim of net?"
Tal fan sprekkers komme oan it wurd, oer geef en linich Frysk, en wat der te learen is fan oersettingen yn oare minderheidstalen. Sprekkers op it sympoasium binne ûnder oare Nicoline van der Sijs, Willem Visser, Gerbrich de Jong en Hans Van de Velde.