Slachters yn de haadrol yn it nije stik fan de Peergroup

Yn it âld molkfabryk fan Burgum wurdt fan ein dizze moanne ôf it stik 'Slachtvisite' spile troch de Peergroup. Der sitte bysûndere haadpersoanen yn: it binne gjin toanielspilers, mar slachters. Tsien Fryske slachters dy't elke foarstelling yn twatal foar it publyk in heale baarch útbonkje.
Slachters yn de haadrol yn it nije stik Peergroup
It stik begjint mei in miel, wêrby't 75 man publyk yn fiif gongen sa'n heale baarch opite. Fleis ite is hjoed-de-dei net foar elkenien mear fanselssprekkend. Regisseur en artistyk direkteur Dirk Bruinsma fan de Peergroup fynt it lykwols in utopy om te tinken dat alle minsken ophâlde sille mei it iten fan fleis.
It moat allegearre wol lytser, tinkt Bruinsma: "Wy moatte net grutter, net massaler, mar wy moatte lytser en tichterby. Dus ek wer nei de bakker, nei de grienteboer, nei de boer en nei de slachter. En dêr moatte wy sjen wat leit der yn dy fitrine. Kritysk wêze en ek it petear oangean mei de slachter."
Fryske slachters binne in heale baarch foar it publyk oan it útbonkjen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar it iten kinne de minsken fansels sitte, mar foar it part dêr't de heale baarch útbonke wurdt, moatte de minsken sels in plakje fine sûnder stuollen. Elkenien krijt in koptelefoan op mei muzyk en der wurde bylden op de muorren projektearre, ûnder oare fan it wurk fan de slachters, want net elk kin dat mei 75 man publyk goed sjen.

"Ik wie deabenaud"

De ferskillende stikken fleis út de foarstelling wurde wer brûkt foar it jûnsiten fan de folgjende foarstelling. Oan minsken dy't gjin fleis ite, is ek tocht. De earste kear dat Bruinsma in slachter frege om mei te wurkjen wie wol spannend: "Ik wie deabenaud, mar hy sy fuortendaliks ja, 'want ik wol graach myn ferhaal fertelle'. En dat is de oanlieding foar dizze foarstelling."
It stik wurdt spile fan 29 oktober oant en mei 28 novimber yn De Molkfabryk yn Burgum. Bruinsma soe it stik ek graach yn Amsterdam spylje wolle.
Dirk Bruinsma