Bewenners kinne werom yn it nijboude Lichtpunt yn Kollumersweach

22 okt 2021 - 07:00

It Lichtpunt yn Kollumersweach krijt wer hieltyd mear bewenners. Fjouwer jier lyn gie de opfang troch in brân foar in grut part ferlern. Yn de simmer fan ferline jier is begûn mei it op 'e nij bouwen en no krije de apparteminten wer nije bewenners.

Foar Machiel Talsma, ynterim-bestjoerder by Lichtpunt, is it in hiel wurk. "Yn de nijbou binne no fjouwer apparteminten bewenne en yn de kommende wiken komme dêr hieltyd twa of trije by." Dêr is mei opsetsin foar keazen. "It giet net allinnich om it ferhieren, mar de minsken komme hjir ek foar de tsjinstferliening."

Op dit stuit wurdt ek nij personiel socht. "It freget wol wat dat der wer tweintich nije minsken komme. Wy hawwe no sa'n fiif fêste meiwurkers, ek besteande út parttimers. Dus wy binne op dit stuit dwaande om nije wurknimmers te winnen."

Talsma is wol grutsk dat it Lichtpunt wer fierder kin. "De âldste bewenner hat de kaai krigen." Tagelyk is der sûnt 18 oktober ek in poppe kaam as jongste bewenner. "Dy is hjir net berne, mar yn it MCL. Hy is hjir mei syn mem út Syrië kaam. Sy wenne hjir al in skoftke, mar sy hat ek in nij appartemint krigen."

Jan Visser mei as earste bewenner werom - Foto: RTV NOF

De âldste bewenner fan it Lichtpunt is Jan Visser. "Doe't de brân hjir wie, wie de âldste bewenner hjir ek al ien fan de bewenners. Doe is sein: do komst hjir werom, punt. Tydlik hat er fjouwer jier yn Dokkum wenne, mar no is hy werom. Hy mocht as earste in plakje kieze", leit Talsma út.

Foar Visser sels is it in moai weromkommen. "It fielt wol wer goed, je moatte allinnich efkes wenne. Mar it is in moai stek. Ik haw hjir al wenne, mar doe wie it âld en no is it nij. Ik fyn it moai dat ik der wer wenje."

"In prachtige dei foar it Lichtpunt", sa beslút Talsma.

Ferslachjouwer Ben de Jager praat mei Machiel Talsma en bewenner Jan Visser

(Advertinsje)
(Advertinsje)