Soad animo foar wyldkamera's yn tunen yn Eaststellingwerf

22 okt 2021 - 06:17

Ferspraat oer de 13 doarpen fan Eaststellingwerf binne sûnt septimber wyldkamera's pleatst yn tunen fan de ynwenners. Sa'n 150 minsken hawwe harren by de gemeente meld nei't dy in oprop die.

Femia Waijers by 'har' wyldkamera by Aldeberkeap - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De ynskriuwing dêrfoar is no sletten. Fyftich minsken hawwe fjouwer wiken lang sa'n kamera yn de tún, of krije dy noch. Ien fan harren is Femia Waijers fan Aldeberkeap: "Ik vind het fijn om te weten wat hier rondloopt. Ik houd veel van allerlei dieren en ben heel nieuwsgierig naar wat er op dit terrein rondloopt."

De kamera begjint te draaien as in bist foarrint. En om dy kâns grutter te meitsjen, stiet der in spesjale stôk foar, seit Waijers: "In de stok zit een lokmiddel in het doekje dat er in zit. Als er een marter of vos langs komt, gaan ze er aan snuffelen in de hoop dat ze een prooi vinden. Zo komen ze tussen de stok en de camera, dan worden ze opgenomen." Nei it projekt krijt sy de bylden tastjoerd.

"Het is helemaal ontploft"

Adviseur duorsumheid Mayte Leinenga fan de gemeente Eaststellingwerf seach net oankommen dat der safolle flecht op 'e koai komme soe: "Het is helemaal ontploft. We wisten van tevoren niet hoeveel belangstelling er was. Ik heb zo'n 150 aanmeldingen gekregen en word nog wekelijks benaderd door mensen die zich willen aanmelden. Helaas zit het al vol, 50 inwoners hebben de kans gekregen. De eerste vijf mensen zijn nu klaar: we zagen onder meer een das en een steenmarter. En er is ook een ree gezien."

De gemeente wol graach witte hoe grut it bioferskaat is en dêr de ynwenners by belûke: "We willen mensen daar op een laagdrempelige manier mee laten spelen. Soms hebben mensen het idee dat er 's nachts een das of steenmarter rondloopt. Zo kun je daar toch achter komen."

Minsken kinne dan ek harren tún dêr op oanpasse.

Femia Waijers en Mayte Leinenga

(Advertinsje)
(Advertinsje)