Tal coronabesmettingen de wike leit wer boppe de 1.000

22 okt 2021 - 06:00

It tal coronabesmettingen yn Fryslân is foar de twadde wike op 'e rige wer flink tanaam. Dat docht bliken út de sifers fan it RIVM. Yn de ôfrûne wike testen 1.119 Friezen posityf op it coronafirus, wylst dat twa wiken lyn noch 502 wienen.

Foto: Shutterstock.com (LookerStudio)

Dat it oantal nije besmettingen boppe de 1.000 de wike lei, barde foar it lêst yn july.

Yn trochsneed gie it om 160 besmettingen deis yn de ôfrûne wike yn Fryslân, in wike earder wie dat 111 en noch in wike earder 72.

De gemeente Ljouwert hie mei 155 registraasjes de measte besmettingen. Dêrnei folgje Noardeast-Fryslân (163), Hearenfean (108) en Waadhoeke (104). De gemeenten Skiermûntseach en Flylân bleaune yn de ôfrûne wike frij fan nije besmettingen.

Earder die bliken dat de faksinaasjegraad yn Fryslân it leechst is yn de noardeastlike gemeenten.

Twa stjergefallen, tsien sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike binne der twa Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân.

Tsien Friezen binne mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân (4), Tytsjerksteradiel (2), Dantumadiel (1), Smellingerlân (1), De Fryske Marren (1) en Súdwest-Fryslân (1).

Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Goed 56.000 kear corona fêststeld

Mei de 1.119 testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 56.436 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 491. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettings en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)