Bestjoerder yn Stiens foar de alfde kear sûnder rydbewiis trappearre

21 okt 2021 - 21:55

De plysje hat oan de Seefûgel yn Stiens in 45-jierrige man oanholden nei in kontrôle. De man waard al foar de alfde kear trappearre op it riden sûnder rydbewiis.

Foto: ANP

Neffens de plysje fan Ljouwert giet it om in man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. De auto is tongersdeitemiddei troch de plysje yn beslach nommen. De fertochte is oanholden.

Trefwurden: 
Ljouwert Stiens rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)