Sel easke tsjin yn Fryslân aktive Brabanner sloep- en caravandieven

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei twa en trije jier sel easke tsjin twa manlju fan 55 en 60 jier fan Den Bosch. De Brabanners hawwe ferskate sloepen en caravans út Fryslân wei stellen. Mei it trochferkeapjen fan de sloepen hawwe de fertochten mear as 300.000 euro fertsjinne.
Argyffoto fan in sloep © Shutterstock.com (Ivonne Wierink)
De dieven wiene aktyf yn it hiele lân en namen ek boaten út Jutryp, Wâldsein en Wyns mei. Yn Drachten hawwe sy begjin ferline jier fiif caravans stellen. De manlju koene oanholden wurde nei't der kamerabylden op telefyzje sjen litten binne yn it programma Opsporing Verzocht. Tsjûgen kenden de manlju werom op it byld.
Tsjin de man fan 55 is trije jier sel easke, om't hy in liedende rol spile hawwe soe. It stel waard earder yn Snits al oanholden. Oer twa wiken docht de rjochter útspraak.