Provinsje wol eksoaten bestride: dizze trije opsjes lizze op tafel

Provinsje Fryslân wol de kommende tiid belied meitsje op it bestriden fan eksoaten: ynvasive planten of bisten dy't de lânseigen soarten fan Fryslân nei efteren triuwe. Der wurde tonnen ynvestearre foar bestriding.
De grutte wetternavel nimt de sleat oer © Shutterstock.com (Roel Meijer)
It giet om soarten dy't hjir net thús hearre, mar dy't har wol rap ferspriede. Tink oan de reuzebeareklau of de grutte wetternavel.

Trije opsjes op tafel

De provinsje ûndersiket noch trije opsjes foar in oanpak. Dy kinne 100.000, 300.000 of sels 800.000 euro it jier kostje. In soad jild, mar sûn 2018 hat it bestriden fan eksoaten al goed tsien miljoen euro koste. Mei nij belied moat ek mear sjoen wurde nei it foarkommen fan fêstiging.
De earste opsje bestiet út it fuortheljen en behearskjen fan de soarten dy't op de Unielist steane, dy't troch Europa gearstald is. Mei in twadde opsje wurdt dy list oanfolle mei Fryske eksoaten dy't net op de list steane, mar hjir wol foar skea soargje: bygelyks de wetterkrassula en de Aziatyske tûzenknopen.
As lêste is der noch in opsje wêrby't de provinsje noch mear yngrypt en ek in part fan de ferantwurdlikheden en kosten fan oare oerheden oernimt. Dêryn soene bygelyks ek de buksbeamkemot en de ambrosia (in grutte feroarsaker fan heakoarts) oanpakt wurde moatte.

Foarkar foar tuskenopsje

De provinsje hat sels de foarkar foar de tuskenopsje. Provinsjale Steaten beslút op 15 desimber oer de te kiezen rjochting. De bedoeling is ek dat der mear ynset wurdt op it beskermjen fan Natura 2000-gebiet, it gearwurkjen mei grûneigeners en it oplûken mei partijen yn de ferantwurdlikens foar eksoatproblemen.