Gjin stroom foar nije bedriuwen yn grut part fan Fryslân, útwreiding ek ûnmooglik

Yn in grut part fan Fryslân kinne nije bedriuwen foarearst gjin stroom krije troch krapte op it elektrisiteitsnet. Bedriuwen kinne ek net útwreidzje. De problemen spylje al in skoft, mar de omfang is no pynlik dúdlik wurden.
Nije Fryske bedriuwen hawwe in grut stroomprobleem:
De problemen op it stroomnet binne folle grutter as earder tocht. Op guon plakken is de maksimale kapasiteit berikt. Dêrtroch rekket Fryslân 'op slot'. Bedriuwen dy't yn in fol gebiet sitte, kinne sadwaande net útwreidzje.
Wichtige plakken foar yndustry en bedriuwen lykas Ljouwert, It Hearrenfean en Wolvegea lizze yn 'read gebiet', dêr't de problemen it slimst binne.

Bakkerij sjocht fan needs bûten Fryslân

De yndustriële bakkerij Borgesius yn Ljouwert is dêr in foarbyld fan. It bedriuw wol graach útwreidzje, mar dat kin net omdat Liander gjin stroom leverje kin. It bedriuw sjocht no nei mooglikheden om de útwreiding earne oars te realisearjen. It giet yn dit gefal om in ferlies fan 40 arbeidsplakken foar Fryslân.
Liander is op it stuit dwaande om bedriuwen yn regio's dêr't it stroomnet fol driget te reitsjen op de hichte te stellen. In wurdfierder seit dat útwreiding yn bepaalde gebieten foar in oantal jierren net mooglik is.
Yn de reade gebieten binne de problemen it slimst © Liander
Om de problemen oan te pakken, wol netbehearder Liander it elektrisiteitsnet yn Fryslân en de Noardeastpolder flink útwreidzje.

Net by te hâlden

Dat it elektrisiteitsnet fol rekket, komt troch de rappe opkomst fan sinne- en wynenerzjy. Liander sei earder dat de ûntwikkelingen sa hurd geane, dat dy net by te hâlden binne.
"We gebruiken steeds meer stroom", seit wurdfierder Peter Hofland fan Liander. "En waar we eerst vroeger alleen stroom gebruikten als consumenten en ondernemers, zien we nu dat men steeds meer stroom opwekt. Dat moet allemaal over dat elektriciteitsnet."
Mei de útwreidingen hopet Liander dat bedriuwen en grutte produsinten fan duorsume enerzjy dy't no op de wachtlist steane, wer oansletten wurde kinne.
Regiomanager Geert Wijnen fan Liander © Omrop Fryslân
Net allinnich bedriuwen hawwe problemen: partikulieren likegoed. "Door zonnepanelen wordt er steeds meer stroom geleverd. Dat zorgt af en toe voor file, met name op plekken waar heel veel mensen zonnepanelen hebben. Als er veel zon is, gaat het minder goed."

Nije kabels en trafohúskes

Liander stekt de kommende jierren sa'n 250 miljoen euro yn nije kabels dy't elektrisiteit ferfiere en yn it ferfangen of pleatsen fan sa'n 300 transformatorhúskes. It wurk moat yn 2025 klear wêze.
Fierder bout Liander de kommende tsien jier yn Fryslân en de Noardeastpolder alve nije elektrisiteitsstasjons. Acht besteande stasjons wurde útwreide.
"We hebben ermee te dealen", seit wethâlder Bert Wassink fan Ljouwert oer de netkrapte. Op de krityk dat de polityk te min rezjy nimme soe, seit hy dat it bestjoer dêr formeel gjin foech oer hat en dat it no by Liander leit:
Wethâlder Bert Wassink fan Ljouwert