Harnzer klear foar solarrace, mar thúskomme út Marokko is noch in opjefte

Studinten Remco Hoen fan Harns en Oebele Lijzenga fan Gytsjerk dogge mei it Solar Team fan Twente mei oan de seinneweinraces dy't moandei úteinsette yn Marokko. Wat it coronafirus oanbelanget kin it team dêr noch prima wurkje, mar it lân hat wol in fleanferbod ynsteld. Dus allinne it weromkommen is noch in punt.
Remco Hoen © Jerome Wassenaar
De solarrace soe earst yn Australië hâlden wurde, mar fanwegen de coronasituaasje dêr mocht dat net mear trochgean. De wedstriden waarden dêrom nei Marokko ferpleatst.
"In Marokko is het eigenlijk nog best prima", seit Remco Hoen. "Marokko heeft wel een coronatoegangsbewijs ingesteld, maar ons hele team is gevaccineerd. Dus daar hebben we weinig problemen mee."

Weromkommen noch net bekend

It is noch wol efkes de fraach hoe en wannear't it team werom nei Nederlân komme kin. "We leggen contact met lokale autoriteiten, de race-organisatie en met Buitenlandse Zaken. Daar zijn we druk bezig mee. We bekijken de situatie per dag en houden de adviezen van Buitenlandse Zaken aan. Nu adviseert men een alternatieve route via een ander land, want rechtstreeks op Nederland vliegen kan helaas niet meer. Daar moet je dan omheen werken."

Coronabubbel

Yn Marokko sels wurdt yn in 'bubbel' wurke. "We kunnen vrij reizen in Marokko. We zitten nu in een bubbel met de rest van de teams. Zo proberen we het toch zo coronaproof mogelijk uit te voeren. We houden ons aan de regels en de race kan zoals het nu lijkt nog doorgaan."
Remco Hoen fan Harns
Dit wykein wurde alle sinne-auto's noch kontrolearre. "Wat ons betreft kan de race beginnen, we zijn er klaar voor. En we hebben er heel veel zin in", seit Hoen.