Johannes mei man en macht yn de bus hysje en dan op nei brûnsjitterij Balk
It byld fan grûnlizzer Johannes van den Bosch fan de 'Koloniën van Weldadigheid' wurdt yn Balk yn brûns getten. It is tongersdei yn in boevebus op transport gien fan Frederiksoord yn Drinte nei Fryslân.
Grûnlizzer Johannes van den Bosch fan de 'Koloniën van Weldadigheid' hie noch gjin stânbyld. Keunstner Herma Schelllingerhout bringt dêr feroaring yn. Yn de hal fan museum De Proefkolonie yn Frederiksoord hat se de ôfrûne tiid in waaksen eksimplaar makke fan it byld. Dat wurd no yn brûns getten.
Eins fynt Schellingerhout it wurd 'stânbyld' hjir net sa tapaslik. Se hat har Johannes ôfbylde sa't de man eartiids yn it strjitbyld te sjen wie, mei syn unifoarm oan. Om de klean sa goed mooglik by syn tiid passend te krijen, hat de keunstner har ynformearje litten by in militêr museum.
Hoe is se eins by de brûnsjitter yn Balk kaam? No, laket se, Balk hat my fûn. Se krige in tip fan in museumbesiker dat in famyljelid fan dy persoan in brûnsjitterij yn Balk hie. Oft se al ien hie? Nee, en sa waard it dus Balk.
De arrestantebus stie tongersdeitemoarn klear om it byld te ferfieren. De keunstner fertelt wat der barre sil: Mei man en macht hysje wy aanst Johannes yn de bus. It waaksen eksimplaar wurdt steand ferfierd. It sil miskien hjir en dêr wol wat skansearre reitsje, mar dêr sjocht se gjin grutte problemen yn.
As alles goed giet, komt Johannes van den Bosch yn jannewaris yn brûns werom yn Frederiksoord. It hiele proses fan it brûnsjitten en de byhearrende bewurking duorret sawat trije moanne. It byld komt net op in hege sokkel te sjen, mar gewoan op strjitnivo. seit Schellingerhout ta beslút.